Epifanytsjerke (Jaroslavl)

Ut Wikipedy
Epifanytsjerke

Богоявленская церковь

bouwurk
lokaasje
lân Ruslân
oblast Jaroslavl
plak Jaroslavl
adres Bogojavlenskaja Plein 12
koördinaten 57° 37' N 39° 53' E
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1684-1693
monumintale status Kultureel monumint fan regionaal belang
monumintnûmer 7610006000

De Epifanytsjerke (Russysk: Церковь Богоявления Господня) is in otterdokske tsjerke yn Jaroslavl, Ruslân. De tsjerke waard tusken de jierren 1684 en 1693 boud mei jild fan de hannelsman Aleksej Zûbtsjaninov en is benammen bekend fanwegen de fresko's en de tapassing fan keramyk yn de gevels. It plein dêr't de tsjerke oan stiet is ferneamd nei de Epifanytsjerke.

De tsjerke makket diel út fan it Museum fan Jaroslavl en is simmerdeis iepen foar it publyk.

Arsjitektuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fiif mei sipels bekroande tamboeren binne ryk dekorearre en ferheffe har boppe twa rigen fan kokosjniki. Op it suden fan de tsjerke is in oan de hillige Dimitri fan Vologda wijde kapel tafoege. Oan de noardlike kant is noch in kapel dy't oan it Lêste Oardiel is wijd. It ynterieur fan de sintrale tsjerke wurdt ferljochte troch njoggen grutte ramen.

Fresko's[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke waard yn 1693 beskildere troch in groep skilders ûnder lieding fan Dimitry Grigorjev en Fjodr Ignatjev.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru::Церковь Богоявления (Ярославль)