Epifanykatedraal (Kazan)

Ut Wikipedy
Epifanykatedraal

Богоявленский собор

bouwurk
Церковь богоявления, 1.jpg
lokaasje
lân Flag of Russia.svg Ruslân
autonome republyk Flag of Tatarstan.svg Tatarstan
plak Flag of Kazan.svg Kazan
adres Ul. Bauman 78
koördinaten 55° 47' N 49° 07' E
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1731-1756 (katedraal)
1895-1897 (toer)
boustyl Barok (katedraal)
monumintale status Monumint fan regionaal belang
monumintnûmer 1610017002

De Epifanykatedraal is in russysk-otterdokse tsjerke fan it bisdom Kazan-Tatarstan yn Kazan, Ruslân.

De katedraal stiet yn it distrikt Vachitovski oan de ûlitsa Bauman. Sawol de katedraal as de hege klokketoer binne opfallende monuminten fan de stêd.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Epifanytsjerke waard yn de jierren 1731-1756 boud op kosten fan de fabrikanten Ivan Afanasevitsj Michljaev en Sergei Alekandrovitsj Tsjernov. Tagelyk mei de tsjerke waard ek in klokketoer boud. Yn 1741 baarnde de tsjerke sa slim ôf, dat allinne de muorren stean bleaune. Neffens guon ferslaggen soe de bou fan de stiennen tsjerke pas nei dy brân útein set wêze. De foltôging fan de tsjerke fûn plak yn 1756, doe't de refter oan de Epifanytsjerke tafoege waard en de tsjerke twa kear sa grut waard.

De klokketoer

Op 2 febrewaris 1873 waard de lettere operasjonger Fjodor Sjaljapin yn de tsjerke doopt.

Toer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar de revolúsje fan 1917 wie de parochy fan de tsjerke ien fan de grutste parochy's fan Kazan. Under de parochianen wiene ek aristokraten en grutte ûndernimmers. Ien fan dy rikere parochianen liet yn 1892 35.000 rûbel nei oan de Epifanytsjerke, wêrfan't 25.000 rûbel ornearre wie foar de bou fan in nije klokketoer. Foar de bou fan de nije toer waard yn july 1893 yn de krante in wedstriid útskreaun foar it bêste ûntwerp. In betingst wie dat de nije toer yn de âld-russyske styl ûntwurpen wurde moast. Om't de tekening fan de klokketoer mei de handtekening fan de arsjitekt ferlern gyng is it net wis wa't it ûntwerp levere hat.

De fundearring foar de toer waard lein op 24 novimber 1893 en pas twa jier letter waard útein set mei de bou fan de toer. Op 17 augustus 1897 wie de toer klear. De klokketoer fan de Epifanytsjerke krige los fan de tsjerke in hiel eigen arsjitektonyske wurdearring en stadichoan waard de toer bekender as de tsjerke sels. It is de heechste klokketoer fan Kazan en ien fan de heechste otterdokse tuorren fan it lân. De âlde toer wie yn 1909 brekfallich woarn en waard pas doe ôfbrutsen.

Fan it ynterieur bleau neat bewarre. De ikonostaze en alle ikoanen binne fan resinte datum. Ek it muorrehek yn neoklassisistyske styl dat de katedraal omfieme mei in poarte en in kapel gyng yn de kommunistyske tiid ferlern.

Nei de oktoberrevolúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Epifany- en Andréastsjerke foar de ôfbraak fan de âlde toer

Tusken 1920 en it sluten yn 1935 tsjinne de Epifanytsjerke as katedraal fan it bisdom.

Njonken de Epifanytsjerke stie oant de jierren 1930 in oan de apostel Andréas wijde wintertsjerke út 1701. Dy tsjerke waard winterdeis brûkt om't it gebou ferwaarme wurde koe, mar waard troch de bolsjewistyske autoriteiten ferneatige. De katedraal sels waard nei it sluten as pakhûs brûkt en yn de toer waarden winkeltjes en in optyk ûnderbrocht. Yn de jierren 1950 waard de katedraal oerdroegen oan de Universiteit fan Kazan. It gebou waard ferboud, rekke syn dekoraasjes en beskilderings kwyt en de koepels waarden ferwidere.

Yn 1960 krige de klokketoer as in monumint fan lokaal belang in beskerme status. De katedraal waard yn 1995 as monumint fan stêdebou en arsjitektuer opnommen yn de list fan histoarysk en kultureel erfgoed fan federaal belang.

Nei de fal fan de Sovjet-Uny[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Epifanykatedraal waard yn de jierren 1996-1997 werom jûn oan de Russysk-Otterdoke Tsjerke. Sûnt wurde der alle dagen tsjinsten fierd. De klokketoer bleau lykwols ûnder de jurisdiksje fan it Ministearje fan Kultuer fan Tatarstan. Yn de klokketoer is in útstalling fan âlde russyske keunst.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Богоявленский собор (Казань)