Springe nei ynhâld

Enklava (film út 2015)

Ut Wikipedy
Enklava
film
makkers
regisseur Goran Radovanović
senario Goran Radovanović
muzyk Eleni Karaindrou
Irena Popović
spilers
haadrollen Filip Subarić
Nebojša Glogovac
Anica Dobra
Miodrag Krivokapić
skaaimerken
lân/lannen Dútslân
Servje
premiêre 19 maart 2015
foarm spylfilm
sjenre drama
taal Servysk, Albaneesk, Dútsk
spyltiid 92 minuten

Enklava (Servysk: Енклава, Enklava; ynternasjonale titel Enclave) is in dramafilm fan de regisseur Goran Radovanović. De film kaam yn 2015 út en giet oer it libben fan in lytse Servyske mienskip yn in fijannige Kosovaarske omjouwing nei de Kosovo-oarloch.

De film waard foar de 88e Oscarútrikking yn 2016 as de Servyske bydrage foar de Bêste Bûtenlânske Film ynstjoerd.[1]

It ferhaal spilet him ôf yn Kosovo. In lytse Servyske enclave wurdt omfieme troch gebieten dêr't Albanezen wenje. De measte Servyske bewenners hawwe harren hûs en hiem al earder ferlitten.

Yn de enklave wennet Nenad mei syn heit Vojislav en syn pake Milutin, dy't op stjerren leit. Nenad is de lêste learling fan de Servyske skoalle en wurdt alle dagen troch fijannelik gebiet mei in pânserwein fan KFOR nei skoalle brocht. As op in dei Nenad wer op skoalle komt, lêst er op it skoalboerd it boadskip dat de iennige ûnderwizeres fan 'e skoalle it gebiet ek ferlitten hat. Hy strúnt dan wat doelleas om de skoalle hinne en komt twa Albaneeske jonges tsjin, dy't eins ek wol ris yn de pânserwein ride wolle. Nenad kriget dat foar inoar en der ûnstiet tusken de jonges kammeraadskip.

Wat letter slút in tredde Albaneeske jongen him by de trije jonges oan. Dy syn heit ferstoar yn de oarloch tsjin de Serviërs en hy rint om mei wraakgefoelens.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: