Engelen
Appearance
Engelen is in Geldersk regintelaach dat yn 1816 adele waard. Bekend waarden:
- Jonkhear Danjel Engelen, (1791 - 1857), waard yn 1813 amtner yn Snits en yn 1838 kantonrjochter op It Hearrenfean. De Engelenfeart is nei him neamd.
- Willem Engelbart Engelen, (1817 - 1879) , soan fan Danjel Engelen, waard yn 1840 siktaris fan en yn 1851 boargemaster fan Ljouwerteradiel. Yn 1853 waard er lid fan de Twadde Keamer en yn 1854 lid fan Deputearre Steaten. Syn soannen ferlieten Fryslân.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|