Empire Award

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Empire Awards)
Jump to navigation Jump to search
Epire Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Flag of the United Kingdom.svg Britsk
útrikt foar films en tillefyzje
útrikt troch Empire (tydskrift)
frekwinsje 1x jiers
datum mids maart
plak Londen (Ingelân)
ynsteld 1996
1e útrikking 1996
offisjele webside
www.empireonline.com

De Empire Awards binne in groep Britske prizen op it mêd fan film en tillefyzje, dy't elts jier yn maart útrikt wurde oan 'e as bêste beoardiele Britske en bûtenlânske filmyske wurken fan it foargeande jier. De winners krije in trofee besteande út in byldsje. De Empire Awards waarden foar it earst útrikt yn 1996. De útornearring fan 'e winners en de organisaasje fan 'e útrikkingsseremoanje binne yn 'e hannen fan it tydskrift Empire. Fan 2009 oant en mei 2017 waarden de Empire Awards sponsore troch it drankmerk Jameson Irish Whiskey, en yn dy snuorje stiene se dêrom offisjeel bekend as de Jameson Empire Awards. Mei yngong fan 2018 wie Rakuten TV de nije sponsor.

Kategoryen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

kategoryen anno 2018
  • bêste akteur (fan 1996 ôf)
  • bêste aktrise (fan 1996 ôf)
  • bêste regisseur (fan 1996 ôf)
  • bêste manlike nijynkommeling (fan 2012 ôf)
  • bêste froulike nijynkommeling (fan 2012 ôf)
  • bêste akteur yn in tillefyzjesearje (fan 2018 ôf)
  • bêste aktrise yn in tillefyzjesearje (fan 2018 ôf)
eareprizen
  • Empire Hero Award (fan 2010 ôf)
  • Empire Icon Award (2006, 2008-2011 en fan 2014 ôf)
  • Empire Inspiration Award (1997, 1999-2002, 2004-2006, 2008 en fan 2010 ôf)
  • Legend of Our Lifetime Award (2014 en fan 2018 ôf)
prizen foar ien kear
  • Actor of Our Lifetime (2009)
  • Action Hero of Our Lifetime (2014)
  • Icon of the Decade (2005)
  • Heath Ledger Tribute (2009)
ôfskafte kategoryen
  • bêste Britske akteur (1996-2005)
  • bêste Britske aktrise (1996-2005)
  • bêste Britske regisseur (1997-2001 en 2005)
  • bêste byrol fan in akteur (2014)
  • bêste byrol fan in aktrise (2014)
  • bêste debút (1996-2002) of bêste nijynkommeling (2003-2011)
  • bêste koarte film (2016-2017)
  • sêne fan it jier (2003-2007)
  • The Art of 3D (2012-2013)
  • Done in 60 Seconds Award (2008-2014)
ôfskafte eareprizen
  • Career Achievement Award (2004)
  • Contribution to Cinema Award (2000)
  • Empire Legend Award (2012-2013 en 2015-2017)
  • Independent Spirit Award (2002-2005)
  • Lifetime Achievement Award (1996-2003 en 2006)
  • Movie Masterpiece Award (1999-2000)
  • Outstanding Contribution Award (2013)
  • Outstanding Contribution to British Cinema Award (2005-2006)
  • Outstanding Contribution to British Film Award (2008-2010)

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.