Springe nei ynhâld

Emingastate (Goutum)

Ut Wikipedy

De Emingastate of Drinkútsma State wie in state noard fan Goutum op sawat it plak dêr't no it rêsthûs Aldlânstate yn Ljouwert stiet, gemeente Ljouwert. Fan de state is neat werom te finen.

De state soe om 1400 boud wêze troch Ids Wiarda, in broer fan Sjoerd Wiarda dy't op Wiardastate flakby de tsjerke wenne. Ids naam de famyljenamme fan syn mem oan omdat dy famyljenamme hast útstoarn wie en neamde him Eminga. Neffens de oerlevering spuiden dizze bruorren der net yn, want de states Burmania, Wiarda en Eminga waarden yn dizze folchoarder ek wol Putsma, Skinkynsma en Drinkútsma State neamd. Sa komme se sels foar op lânkaarten. Sels Wopke Eekhoff fermeldt op syn kaart út 1847 noch de nammen Putsma en Drinkútsma ynstee fan Burmania en Eminga.

De state hat iuwenlang eigendom west fan de famylje Van Eminga. Al yn 1698 it eigendom fan Ruerd Juckema fan Burmania, troud mei Elisabeth Wiglina fan Eminga. Ruerd wie ûndermear ek eigener fan de oanbuorjende Burmaniastate. Neffens dr. Abma hat Ruerd yn 1720 Putsmastate ôfbrekke litten en in pleats sette litten. Dat moat lykwols Emingastate west hawwe, want it floreenkohier fan it jier 1700 skriuwt “Drinckuitsma en ’t hornleger van Putsma-state”. Burmania/Putsma wie de dus al ôfbrutsen. De yn 1720 boude pleats waard op syn beurt yn 1850 ferfongen troch in nije pleats “Het Bos”. Yn 1947 moast dy op 't lêst romte meitsje foar it Van Harinxmakanaal.

  • ± 1400 Ids Wiarda / Eminga
  • 1720 Elisabeth Wiglina fan Eminga en Ruerd Juckema fan Burmania

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • Ljouwerteradiel - dr. G. Abma, 1984
  • Prekadastrale Atlas fan Fryslân, diel 15, Ljouwerteradiel - J.A. Mol en P.N. Noomen, 2002