Emanuel (skûtsje)

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Emanuel)
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

De Emanuel wie fan 1978 oant en mei 2005 it SKS-skûtsje foar Earnewâld, mei seilteken E.

De Emanuel is 19,48 meter lang en 3,98 meter breed. It skûtsje is yn 1914 boud by Bijlsma yn Warten. It krige doe de namme Emanuel.

Yn 1978 waard is skûtsje koft troch de Stifting Earnewâldster Skûtsje. Hidzer Meeter wie de skipper foar Earnewâld, mar ek mei it nije skûtsje hier er gjin sukses. Yn 1981 waard er ferfongen troch Jeen Ulbesz Zwaga. Yn 1982 en 1983 waard it skûtsje mei de nije skipper twa kear efterinoar kampioen SKS.

Yn 1997 waard Pieter Brouwer skipper, en yn 2004 waard dat Gerhard Pietersma. Yn 2006, nei trije jierren mei in alfte plak, waard it skûtsje ruile tsjin de Twee Gebroeders.

De Emanuel is no eigendom fan de âlde eigner fan de Twee Gebroeders, Kuipers Heiwerken. It silet by de IFKS mei Mattijs Kuipers as skipper.