Elvis Costello

Ut Wikipedy
Elvis Costello (1979)

Elvis Costello (Londen, 25 augustus 1954 as Declan Patrick MacManus) is in Ingelske popmuzikant dy't yn it midden fan de 70-er jierren furoare makke yn de Londenske pub-rock wrâld. In jiermannich letter wie hy, tegearre mei artysten as Joe Jackson ien fan de eksponinten fan de Punk rock/New Wave beweging. Costello hat him yn de rin fan syn karriêre ûntpoppe as in muzikale kameleon, dy't syn muzyk muoiteleas meikleurje lit mei eltse winske styl. By it grutte publyk is hy benammen bekend mei it nûmer She (1999) en syn optreden op it Live Aid-konsert yn Londen (1985) mei it Beatles-nûmer All You Need Is Love.

Jeugd en begjinjierren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Costello is de soan fan Lilian Alda en Ross MacManus (1927-2011). Syn heit, fan Ierske komôf, wie jazzmuzikant en bandlieder ûnder de namme Day Costello. Costello is opgroeid yn Twickenham en gie nei de Secondary Modern School yn Hounslow. Syn earste publieke optreden wie yn in TV-reklame foar limonade tegearre mei syn heit. De TV-spot waard yn 1974 mei silver bekroand op in ynternsjonaal reklame festival.

Yn 1971 ferhuze Costello mei syn yn Liverpool berne mem nei Birkenhead. Dêr foarme hy syn earste band tegearre mei Allan Mayes. Neidat hy syn middelbere skoalle ôfmakke hie, gie Costello werom nei Londen dêr't hy mei de band Flip City it pubrock sirkwy yn dûkte. Om dizze tiid hinne feroare hy syn namme yn D.P. Costello. Om yn syn ûnderhâld te foarsjen wurke hy hjir en dêr op kantoar, ûnder oaren by it bekende kosmetikabedriuw Elisabeth Arden en de Midland Bank. Hy bleau nûmers skriuwen en die alle war om in solo plate-kontrakt te krijen. Op basis fan in demo-tape krige hy in oanbieding fan in lyts ûnôfhinklik label, Stiff Records. Syn manager dêr, Jake Riviera stelde foar syn artystenamme te feroarjen yn Elvis Costello.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • My Aim Is True, 1977
  • This Year's Model, 1978
  • Armed Forces, 1979
  • Get Happy!!, 1980
  • Trust, 1981
  • Almost Blue, 1981
  • Imperial Bedroom, 1982
  • Punch the Clock, 1983
  • Goodbye Cruel World, 1984
  • King of America, 1986
  • Blood and Chocolate, 1986
  • Spike, 1989
  • Mighty Like a Rose, 1991
  • The Juliet Letters, mei Brodsky Quartet, 1993
  • Brutal Youth, 1994
  • Kojak Variety, 1995
  • All This Useless Beauty, 1996
  • Costello & Nieve, 1996
  • Painted from Memory, mei Burt Bacharach, 1998
  • For the Stars, mei Anne Sofie von Otter,2001
  • When I Was Cruel, 2002
  • North, 2003
  • The Delivery Man, 2004
  • My flame burns burns blue, 2006
  • The River in Reverse, mei Allen Toussaint, 2006
  • Momofuku' mei The Imposters, 2008