Els Vanassche

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Els Vanassche (sa. 1990) is in byldzjend keunstner út Schoten yn Belgje.

Har oplieding krige se in oantal jierren oan de keunstakademy's yn Kontich, Leuven en Sint-Maria yn Antwerpen. Ek folge se ferskate workshops akwarel (by Walter Lebbe), akryl (by Elsbeth Veerman), portret en modeltekenjen. Sûnt 2008 folget se de oplieding grafyk oan de Akademy fan Merksem by Goedele Peeters. Els is lid fan de Keamer foar Plastyske Keunsten fan Schoten.

Har wurk bestiet faak út abstrakt makke minsklike stalten dy't opkomme yn de abstrakte kontekst as skiere geheugenresten. Faak wurket Els yn rigen, wêrby't de ûntwikkeling fan it earste byld te folgjen is. Vanassche wurket mei akrylferve dy't yn dynamyske strepen op it doek setten wurdt. De ûnderwerpen ûntsteane skilderjendewei. De ferve wurdt faak trochskinend brûkt. Ek wurdt wol medium brûkt om mei relief wat krêftiger halen út te byldzjen. Oare kearen wurdt yn wiete ferve in figurative line ynskrast. It doek is eins nea folskildere, mar hâldt net op by de list. Wurken hawwe faak in Italjaanske titel wêrby't hja suderske okers en sienna brûkt.

Eksposysjes fan har wurken wienen faker te sjen yn Antwerpen, Berchem en by Expo KPK yn it kastiel fan Schoten.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: