Elly Meijer
Elly Meijer | ||
keunstner | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Elly Jacoba Meijer | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 16 maaie 1936 | |
berteplak | Hengelo | |
stoarn | 6 septimber 2024 | |
stjerplak | Denekamp | |
wurkpaad | ||
wurksum as | byldzjend keunstner | |
jierren aktyf | 1957-2017 |
Elly Jacoba Meijer (Hengelo, 16 maaie 1936 - Denekamp, 6 septimber 2024) wie in Nederlânsk byldzjend keunstneresse. By har wurk hearre houtsniten, mozayk, gouaches, petekeningen en sgraffito.
Libbensrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Har heit wie blommist en hovenier en joech yn de jûnsoeren les oan de túnbouskoalle. Hy yllustrearre syn wyklikse artikel yn de Twentsche Courant mei pintekeningen. Ek Elly tekene fan bern ôf oan planten, blommen en lânskippen. De groeiprosessen fan planten en blommen soene letter har ynspiraasjeboarne foarmje. Elly Meijer ferstoar op 6 september 2024, yn 'e âldens fan 88 jier. Nei de MULO krige sy har oplieding oan de AKI yn Ynskedee. Ta har learmasters hearden Jan Stroosma, Philip Kouwen en Johan Haanstra. Yn 1960 slagge hja foar frij skilderjen en monumintale keunst.
It betide wurk fan Meijer bestiet meastentiids út wandfoljende sgrafitto's en glêsmozayk op tsjerken, skoallen en oare iepenbiere gebouwen. Oant 1966 wie har styl ekspresjonistysk, hjirnei waard it mear abstrakt. Yn 1980 waard it monumintale wurk foar har te swier en makke se frij skilderwurk lykas gouaches (skilderijen dy't mei dekkende, mei gom fertinne wetterferve makke binne) en frije tekstile wurkfoarmen yn har atelier yn Tubbergen. As learares tekenje, skilderje en nifelje wurke hja oan ûnderskate legere skoallen. Elly Meijer ferstoar op 6 september 2024, yn 'e âldens fan 88 jier.
Wurken fan Elly Meijer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Gemeentewapen fan mozayk yn Baarn (1970)
-
Mozayk op de muorre fan in eardere beukerskoalle yn Baarn
-
sgraffito op de muorre fan de Maria Keningintsjerke yn Baarn
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|