Springe nei ynhâld

Elista

Ut Wikipedy
Elista
Элиста (Russysk)
Элст (Kalmuksk)
It geografyske sintrum fan Aazje
Flagge Wapen
Polityk
Lân Ruslân
Oblast Kalmukje
Sifers
Ynwennertal 103.531 (2022)
Oerflak 92,36 km²
Befolkingstichtens 1120,95 ynw/km²
Hichte 120 meter
Oar
Stifting 1865
stedsrjochting: 1930
Tiidsône UTC+3 MSK
Koördinaten 46° 19' N 44° 16' E
Webside www.gorod-elista.ru

Elista (Russysk: Элиста, Elista; Kalmuksk: Элст) is in stêd yn de Russyske Federaasje. Elista is de haadstêd fan de republyk Kalmukje yn it súdeasten fan Europeesk Ruslân.

De Elista

De stêd waard yn 1865 stifte as lyts doarpke yn it doetiidske gûvernemint Astrachan fan it Russyske Ryk. De namme is in hydronym fan it rivierke mei deselde namme, dat in namme fan Kalmukske oarsprong hat en soksawat as 'sân' of 'sânich' betsjut. Oant de Oktoberrevolúsje fan 1917 hie it plak allinne betsjutting fanwegen de feemerk.

Sûnt 1927 waard it doarpke útboud ta stêd. Al yn 1928 waard it plak de haadstêd fan de oblast Kalmukje en yn 1930 krige it stedsrjochten.

Monumint ta neitins oan de deportaasje fan de Kalmukske befolking

Op 13 augustus 1942 besette Dútsers de stêd, dy't dêr oant 31 desimber 1943 bleane en by de ûntrûming de stêd yn brân stieken. Foar de joadske befolking kaam de befrijing te let. Hja waarden earst 10 dagen yn in getto sûnder wetter en iten opsletten en dêrnei op 9 septimber 1942 bûten de stêd op de steppe nei in djippe kûle brocht en dêr deasketten. Neffens boarnen fan de Sovjet-Uny wiene it mear as 300 minsken, dy't tichteby it gemeentlike stoart fermoarde binne.[1]

Op de befrijing oan it ein fan 1943 folge de deportaasje fan de hiele Kalmukske befolking nei Sibearje fanwegen de fertinking fan kollaboraasje mei de fijân. Elista waard mei in dekreet fan it Presidium fan de Heechse Sovjet omdoopt ta 'Stepnoi' (Степной, 'Steppestêd') en waard haadstêd fan it Stepnovski-rajon, dat ynearste diel útmakke fan de oblast Astrachan en sûnt 1952 fan de oblast Stavropol. De stêd bleau nei de deportaasje foar in skoft yn pún lizzen en de oerbleaune befolking wenne fral oan de râne fan de stêd. Pas nei de rehabilitaasje fan it Kalmukske folk yn 1956 en de tastimming dy't yn 1957 folge om werom te gean (destalinisaasje), waard útein set mei de weropbou fan Elista. Yn 1958 waard de Sovjetrepublyk Kalmukje wer stifte mei Elista as haadstêd.

Yn de jierren 1990-2000 binne in soad gebouwen boud, dy't de kulturele tradysjes fan de Kalmukken wjerspegelje. Fan de stêd waard it boeddhistysk sintrum fan Ruslân makke.

Yn 1988 fûn yn Elista in massale útbraak fan HIV-ynfeksje plak troch sleauwens fan it medyske personiel fan in bernesikehûs yn Elista. De boarne fan de útbraak wie de man fan in besmette mem, dy't yn 1982 by de marine wurke en in ynfektearre prostituee yn Kongo besocht hie. Har ynfektearre poppe waard nei de berte yn it bernesikenhûs fan Elista opnommen en ferstoar dêr. De ynfeksje waard troch it brûken fan net-sterile katheters en nullen op oare bern en fan poppen wer op memmen troch boarstfieding oerdroegen. Fanút Elista waarden pasjinten nei oare sintra yn it suden fan Ruslân oerbrocht, wat foar in fierdere fersprieding fan it virus soarge. Meiïnoar waarden sa troch ien boarne 270 minsken, fral bern, mei it HIV-subtype G yn santjin sikenhûzen ynfektearre. De sleauwichheid feroarsake yn hiel Ruslân in soad lilkens en fertriet.

Chess-City

Elista organisearre yn 1998 de 33e Skaakolympiade. Yn it ramt dêrfan waard de skaakstêd Chess-City boud.

De stêd hat in lytse lofthaven mei in deistige ferbining nei Moskou, in ferbining oer it spoar mei Stavropol en Rostov oan de Don en busferbinings mei Wolgograd (6 oeren) en Moskou (18 oeren).

  • Nasjonaal Museum fan Kalmukje

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1880 1914 1931 1939 1959 1970 1982 1990 2000 2010 2020 2022
Ynwenners 331 1.448 7.318 17.128 23.171 49.827 76.000 91.000 101.988 103.749 103.122 103.531

De befolking fan Kalmukje is foar it grutste part boeddhistysk. Yn Elita waard yn 2005 in de grutste boeddhistyske timpel fan Europa boud.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. [The United States Holocaust Memorial Museum Encyclopedia of Camps and Ghettos, Volume II, part B, Elista/Stepnoi]