Springe nei ynhâld

Elisabeth Zernike

Ut Wikipedy
Elisabeth Zernike
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte nammeElisabeth Zernike
nasjonaliteit Nederlânsk
berne8 july 1891
berteplakAmsterdam
stoarn12 maart 1982
stjerplakLaren
wurk
taalNederlânsk
sjenreRomans
bekendste
  wurk(en)
Een vrouw als zij
prizenHaagsche Postpriis (1921)

Elisabeth Zernike (Amsterdam, 8 july 1891 - Laren, 12 maart 1982) wie in Nederlânsk skriuwster.

Se waard berne yn Amsterdam as dochter fan Carl Friedrich August Zernike en Antje Dieperink. Har heit wie skoalhaad en pedagooch en har mem ûnderwizeres. Se wie in suster fan Anne Zernike en Frits Zernike.

Se gie nei de famkes-HBS yn Amsterdam en letter nei de Muzykskoalle foar Toankeunst, wêrnei't se skriuwe soe. Fan 2 oktober 1915 oant 24 febrewaris 1917 wie hja redakteur fan it Amsterdamske studintewykblêd Propria Cures. Elisabeth Zernike wie de earste Nederlânske frou dy't in literêre priis foar har wurk krige: de Haagsche Postpriis 1921 foar it boek Een vrouw als zij.

Zernike stoar yn ferpleechhûs De Stichtse Hof yn Laren en waard beïerdige yn it grêf fan har broer Frits op Begraafplak Zorgvlied yn Amsterdam. Har namme stiet lykwols net op de stien.

  • Het schamele deel (1919)
  • Een vrouw als zij (1920)
  • Kinderspel (1921)
  • Het goede huis (1923)
  • De overgave. Een korte roman (1925)
  • Zondebok (1925)
  • Een sprookje (1927)
  • De loop der dingen (1929)
  • Het buurmeisje (1934)
  • Morgen weer licht (1938)
  • Bevrijding uit de jeugd (1938)
  • Dralend afscheidgedichten (1951) (as Elizabeth Zernike)
  • Het uur der stilte — gedichten (1953)
  • Kleine drieklank - gedichten (1956)
  • Kleine drieklank - gedichten (1956)
  • Het harde paradijs - roman (1959)
  • Haar vreemdeling - roman (1961)
  • Kieren van de nacht - roman (1963)
  • Achttien gedichten - bibliofile útjefte (1966)
  • Heim'lijk droomen met een glimlach - gedichten, bibliofile útjefte (1977)

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]