Springe nei ynhâld

Eleanor Tomlinson

Ut Wikipedy
Eleanor Tomlinson
akteur
Eleanor Tomlinson by dee British Independent Film Awards 2014
Eleanor Tomlinson by dee British Independent Film Awards 2014
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Britsk
berne19 maaie 1992
berteplakLonden
jierren aktyf2005-no
offisjele webside
(in) IMDb-profyl

Eleanor May Tomlinson (Londen, 19 maaie 1992) is in Ingelske aktrise en model. Se waard benammen ferneamd troch har rol fan prinsesse Isabelle yn de film Jack the Giant Slayer út 2013 en as Demelza Poldark yn de telefyzjerige Poldark út 2015.

Libben en wurkpaad

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tomlinson waard berne yn Londen. Op jonge leeftyd ferhuze se mei har âlden nei Beverley, East Riding of Yorkshire, en gie dêr nei de Beverley High School. Se is in dochter fan sjongster Judith Hibbert en akteur Malcolm Tomlinson. Har broer Ross Tomlinson is ekk akteur.

Tomlinson ferskynde yn de film The Illusionist (2006) as de jonge Sophie. Yn de tsienerfilm Angus, Thongs and Perfect Snogging spile se Jas. Yn de ynternasjonale produksje Hepzibah - Sie holt dich im Schlaf fan de Dútsk kommersjele stjoerder ProSieben hie se de rol fan Kirsten njonken David Bamber, ûnder de rezjy fan Robert Sigl. Yn 2009 spile hja Eve, in alien, yn The Mad Woman in the Attic, ôfleveringen trije en fjouwer fan it tredde seizoen fan The Sarah Jane Adventures en wie Fiona Chataway yn de film Alice in Wonderland út 2010. Yn 2013 spile se Xenya yn de film Educazione Siberiana fan Gabriele Salvatores, en nei lang sykjen waard hja selektearre foar de rol fan prinsesse Isabelle yn de film Jack the Giant Slayer, dy't regisearre waard troch Bryan Singer. Ek docht se mei yn de BBC-searje The White Queen as Lady Isabel Neville en yn de BBC-searje Poldark as Demelza.

Tomlinson hie in ferhâlding mei stuntman Ben Atkinson fan ier 2015 oant juny 2017. Se hat fan harsels blûn hier, mar ferve har hier read foar yn de telefyzjerige Poldark mei't se tocht dat dat better by har rol paste.

JierTitelRol
2005FallingLytse Daphne mei Branklyn
2006The IllusionistJonge Sophie
2007Einstein and EddingtonAgnes Müller
2008Angus, Thongs and Perfect SnoggingJas
2009The Sarah Jane AdventuresEve
2010 Alice in WonderlandFiona Chataway
The Lost FutureMiru
2013
Siberian EducationXenya
Jack the Giant SlayerPrinsesse Isabelle
The White QueenIsabel Neville, hartoginne fan Clarence
Death Comes to PemberleyGeorgiana Darcy
The Labours of HerculesAlice Cunningham
2014The Curse of StyriaLara
2015–noPoldarkDemelza Poldark
2016AlleycatsDanni
2017Loving VincentAdeline Ravoux
2018Ordeal by InnocenceMary Durrant (née Argyll)
2018ColetteGeorgie Raoul-Duval
Net útbrocht Squadron 42 (Video Game) Saic Rebecca Trejo
Yn produksje The War of the Worlds (minysearje)

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]