Springe nei ynhâld

Utstjerren (biology)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ekstinksje)
De Tasmaanske bûdelwolf, dy't yn 1936 útstoar.

Utstjerren of ekstinksje (fan it Frânske extinction) is yn 'e biologyske sin it ophâlden te bestean fan in soarte of in ûndersoarte fan organisme, troch it ferstjerren fan it lêste noch libbene eksimplaar. Yn 'e bredere sin wurdt de term ek wol brûkt foar gruttere taksonomyske kloften, lykas in skaai, in famylje of in skift. As in bist net mear foarkomt yn it wyld mar noch wol yn finzenskip, sprekt men fan útstjerren yn it wyld. By soarten yn it wyld is it faak dreech om krekt te bepalen wannear't it momint fan útstjerren plakfynt. Ornaris kin soks pas folle letter fêststeld wurde, en sels dan komt it noch foar dat men it mis hat. Sa besteane der, fral mank fossile soarten, saneamde "Lazarustaksons" wêrfan't men wis wie dat se op in beskaat punt ûntstoarn wiene, mar dy't letter ynienen wer ferskine by nije paleöntologyske fynsten fan nei dat tiidpunt. In massa-ekstinksje is it (mar selden foarkommende) massaal en frijwol tagelyk útstjerren fan in grut tal soarten.

Momint fan útstjerren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As it stuit fan útstjerren jildt yn 'e regel it momint dat it alderlêste noch libbene eksimplaar fan in soarte of ûndersoarte komt te ferstjerren. Funksjoneel útstjerren is in term dy't brûkt wurdt foar it 'punt fan gjin weromkear', wannear't in soarte of ûndersoarte it fermogen ta fuortplanting ferliest of om in oare reden syn delgong net mear te boppen komme kin. It ferlies fan it fermogen ta fuortplanting giet almeast foarôf oan it stjerren fan it lêste eksimplaar. By organismen dy't bûn binne oan geslachtlike fuortplanting fynt it plak as it lêste eksimplaar fan ien fan 'e beide geslachten stjert, of as it lêste eksimplaar fan ien fan 'e beide geslachten sa âld wurdt dat fuortplanting net mear mooglik is.

De trekdo, dy't yn 1914 útstoar, waard mei opsetsin troch de minske útrûge.

Evolúsje en útstjerren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e evolúsje ûntsteane nije soarten troch in proses dat spesifikaasje hjit: nije, mutearre fariaasjes fan besteande organismen tiere om't se better oanpast binne om in spesifike ekologyske nys te eksploitearjen. As de omstannichheden feroarje en de soarte net meiferoarje kin, stjert er út. In typyske soarte stjert út binnen tsien miljoen jier nei't er him foar it earst ûntjûn hat. Soarten dy't sa goed oan har nys oanpast binne dat se tsientallen of sels hûnderten miljoenen jierren bestean bliuwe mei gjin of mar amper lichaamlike feroarings, wurde wol "libbene fossilen" neamd.

De goudpod. It lêste eksimplaar waard sjoen op 15 maaie 1989.

Mear as 99% fan alle soarten dy't ea op 'e Ierde libbe hawwe, binne no útstoarn. Dan hat men it oer mear as fiif miljard soarten. Op dit stuit libje der nei skatting 8,7 miljoen soarten eukaryoaten op 'e Ierde, en mooglik withoefolle kear safolle soarten mikro-organismen, lykas baktearjes. Bekende foarbylden fan útstoarne bisten of groepen bisten, binne: trilobiten, (net-fleanende) dinosauriërs, sabeltosktigers, de wolhierrige mammoet, de dodo, de trekdo, de reuze-alk, de Tasmaanske bûdelwolf en de goudpod.

De frekwinsje fan gefallen fan útstjerren wurdt noch mar relatyf koart byholden, en it is dan ek noch mar frij resint, likernôch fan 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw ôf, dat wittenskippers de alaarmklok let hawwe oer it hege tal hjoeddeistige gefallen fan útstjerren. Neffens in rapport út 2019 fan it Yntergûverneminteel Wittenskipsbeliedsplatfoarm foar Bioferskaat en Ekosysteemtsjinsten (IPBES) wurdt op 't heden 25% fan alle biste- en plantesoarten mei útstjerren bedrige. Sûnt 1750 binne der ynsafier't neigien wurde kin teminsten 571 soarten útstoarn, mar nei alle gedachten leit it wiere sifer datoangeande folle heger. De wichtichste reden foar fierwei de measten fan dy gefallen fan útstjerren is de ynfloed dy't minsklike aktiviteiten op 'e natoer hawwe, koartsein de ferneatiging fan natuerlike habitats, bgl. troch it kapjen fan wâlden om romte te meitsjen foar stêden of lânbougrûn.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.