Springe nei ynhâld

Ekstergoes

Ut Wikipedy
ekstergoes
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftgoeseftigen (Anseriformes)
famyljespjaltpoatgoesfûgels
   (Anseranatidae)
skaaispjaltpoatguozzen (Anseranas)
soarte
Anseranas semipalmata
Latham, 1798
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

De ekstergoes (Anseranas semipalmata) is in frjemde soarte yn it skift fan 'e goeseftigen. De soart wykt sa bot ôf fan 'e rest fan de fûgels dat er yn in eigen famylje set is, de spjaltpoatgoesfûgels. De twa oare famyljes yn it skift binne de razerfûgels (Anhimidae) en de einfûgels (Anatidae). Hoewol't de ekstergoes in protte op in goes liket, is er nei alle gedachten mear besibbe oan 'e razerfûgels. De ekstergoes is goed te werkennen oan syn swart en wite fearrekleed en syn giel-oranje poaten.

De ekstergâns is wierskynlik in iere ôftakking fan it skift dêr't guozzen en einen ta hearre. Dat die út ferlykjend morfologysk ûndersyk yn 'e jierren 1980 bliken.

De ekstergoed hat in opfallende knoppel op 'e kop.

De ekstergoes is net te ferwikseljen mei oare soarten troch syn swart-wite fearrekleed en giele poaten. De fûgel is 77 oant 90 sm lang, 3 kg swier en hat in spanwiidte fan 1,5 meter. De teannen binne mar foar in part opnommen yn 'e swimfluezen (semipalmata). Fierder ferskille se fan gewoane guozzen en einen om't se stadichoan ferfearje, sadat se net in tiid ha dat se net fleane kinne. It mantsje is likernôch 30% swierder as it wyfke en hat in opfallend gruttere knobbel op 'e krún.

Fersprieding en habitat

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eksterguozzen komme yn Noard-Austraalje en yn it suden fan Nij-Guineä foar yn wiete greiden, oerstreamingsflakten fan rivieren en sompen. Foar de Jeropeeske kolonisaasje fan Austraalje wie dizze fûgel folle algemiener. It is in stânfûgel dy't it hiele jier troch yn itselde gebiet ferbliuwt, bûten de briedtiid yn groepen. Yn tiden fan drûchte meitsje se trektochten nei geskiktere gebieten. De ekstergoes libbet fan plantaardich materiaal dat sawol út it wetter as op it lân socht wurdt.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It nêst fan 'e ekstergoes wurdt op 'e grûn boud. Yn it nêst wurde sa'n 5 oant 14 aaien lein. De soarte briedt yn koloanjes. De fûgel is bysûnder yn it skift om't de ekstergoes syn piken in skoft fuorret, wylst by alle oare soarten goeseftigen de jonge piken sels harren iten byinoar skarrelje moatte.

De grutte fan 'e populaasje waard yn 2023 op 667.000 folwoeksen fûgels rûsd. Oannommen wurdt dat de populaasje stabyl is en op 'e Reade List fan 'e IUCN hat dizze soarte de status net bedrige (Least Concern).

Ofbylden
Boarnen, noaten en/as referinsjes: