Springe nei ynhâld

Eigenierde

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Eigenierden)

In eigenierde, einierde of eigenerfde wie yn de Midsiuwen en Nije Tiid in net-aadlike boer dy't syn eigen grûn yn eigendom hie. Sa'nent urf de pleats en it byhearrend grûngebiet fan syn âlden en koe syn pleats en lân sûnder tuskenkomst fan in lienhear bewurkje. Dat yn tsjinstelling ta in meier of aadlike grutgrûnbesitters. Eigenierde boeren dy't in eigen hynder en stek- of slachwapens hienen waarden bûten Fryslân warboeren neamd. Benammen yn de steatsynrjochting fan Drinte spilen eigenierden in grutte rol. Yn in oantal gefallen hienen dy ek it rjocht fan kollaasje. Dat joech it rjocht in dûmny te beneamen.

Yn 1500 wienen der yn Eastergoa en Westergoa net folle eigenierden mear. Yn 1511 wienen der yn Ljouwerteradiel noch gjin 15% fan it lân. Yn Sânwâlden mear. Yn de tiid fan de Republyk fan de Feriene Nederlannen mocht allinnich de eigenierde as folmacht op de lândei komme. De eigenierde hie ek it jachtrjocht. In dûbel-eigenierde wie yn Fryslân ien mei mear as 50 pûnsmiet lân. Tusken 1814 en 1851 wienen de eigenierden in steatsrjochterlike stân, nammentlik wa't op it plattelân grûn hie en minimaal f30,- grûnlêsten opbrocht.

Eigenierde wapens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op heraldyske wapens fan eigenierden stiet faaks in Fryske earn op de rjochterhelte. Oar faak foarkommende ôfbylden binne ikel, (trije) klavers, leeljes, roazen, stjerren, liuwen, wassenaers, dwersbalken en merken. De betsjutting hjirfan is faak ûnwis.

Faaks ferwize ikels en klavers nei grûnbesit, it getal trije op de trije generaasjes dy't nedich wienen om erflike rjochten útfiere te meien. Stjerrren en wassenaars kinne te krijen hawwe mei Marijeferearing. De liuw komt yn hiel Nederlân in soad foar. Hânmerken steane ynearsten bûten de heraldyk, mar yn Fryslân binne persoanlike en famyljetekens faak as wapen brûkt, al as net mei de Fryske earn. G.F.E. Gonggrijp jout ek ferklearrings dy't net al te serieus nommen wurden moatte: sa soe bygelyks in ienhoarn ferwize nei in eigen hoarnleger.


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: