Eidersperrwerk

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Loftfoto Eidersperrwerk
Detail Eidersperrwerk

It Eidersperrwerk leit oan de mûning fan de Eider yn de Noardsee yn Tönning yn Sleeswyk-Holstein. It wichtichste doel fan de keardaam is om te beskermjen tsjin stoarmfloeden yn de Noardszee, it is it de grutste Dútske kustferdigeningkeunstwurk. Oan it bouprojekt hawwe ek de distrikten Norderdithmarschen (no ûnderdiel fan Dithmarschen) en Eiderstedt (no ûnderdiel fan it distrikt Noard-Fryslân) in bydrage levere. It Sperrwerk waard iepene op 20 maart 1973.

Neidat yn 1962, de stoarmfloed Hamburg en ek Tönning bedrige, en de fraach kaam oft de diken ferhege wurde maosten oft dat in keardaam boud wurde moast, waard keazen foar in keardaam yn de mûning fan de Eider. Doe't de bou yn 1967 begûn wie de wetterstreaming in grut probleem en rûnen de kosten op nei sa'n 170 miljoen DM ( 87 miljoen euro). De dyklingte 60 km yn de Eider waard ferkoarte mei 4,8 km. De feroare streamings waarden groeven yn de jierren dêrnei en de 28 meter djippe gatten oan beide siden fan de daam moasten yn 1993 mei 45.000 sânsekken fold wurde.

De ôfsluting bestiet út twa ôfsûnderlike dielen, elk mei fiif iepeningen. By de bou waard in dûbele dyk makke om feilichheid te gandearen. Tusken de poarten rint in wei dwers troch dy't beskerme wurdt troch in 236 meter lange tunnel. Boppe de tunnel is in wannelpaad dat in goed sicht op de westkust en de Eider jout. Ek sitte der dûbelde doarren yn de slûs foar it skipfeartferkear. Mei de nij boude dyk fan 4,9 km lang, dy't 8,5 meter boppe de seespegel leit en 7 foet boppe gemiddeld heechwetter nivo. Fiif skowen fan 40 meter lang foarkomme by eb dat it wetter de Noardsee yn rint en by floed dat it seewetter de Eider yn rint. Dêrneist is der in 75 meter lang en 14 meter brede slûskolk, sadat de skippen út de neistlizzende haven yn de Noardsee komme kinne.