Springe nei ynhâld

Egbert Modderman

Ut Wikipedy
Egbert Modderman
keunstner
persoanlike bysûnderheden
berne 1989
berteplak It Hearrenfean
etnisiteit Frysk
wurkpaad
wurksum as Keunstskilder
prizen BP Young Artist Award
Sint Martinus (2015), yn de Martinitsjerke fan Grins

Egbert Vincent Modderman (It Hearrenfean, 1989) is in Nederlânske keunstskilder dy't him benammen taleit op it skilderjen fan libbensgrutte bibelske tafrielen. Hy wennet en arbeidet yn Grins.

Modderman groeide op yn in grifformeard-frijmakke húshâlding. Fan 2007 oant 2012 studearre er Vormgeving Ruimtelijk Ontwerp oan de Akademy Minerva om't er ynearsten binnenhûsarsjitekt wurde soe. Fan 2013 ôf folge er skilderlessen oan de Klassike Akademy foar skilderkeunst yn Grins en yn 2015 oan de Florence Academy of Art.

Hy makke in skoftke portretten en stillibbens foar partikulieren om troch de tiid te kommen, mar dêr helle er net folle foldwaning út. Dêrom besleat er him ta te lizzen op universele sinjouwingstema's op grutte doeken dêr't minsken net oan foarbyrinne soene yn in museum.

Nettsjinsteande dat er mar in bytsje ûnderfining hie waard er fan 2015 ôf dochs de fêste keunstskilder fan de Maritinytsjerke yn Grins. Doe't er de tsjerke hiere woe foar in beskate gelegenheid, skildere er yn ruil dêrfoar in eigentiidsk portret fan Sint-Maarten, de hillige Martinus fan Tours (316-397), nei wa 't de tsjerke ferneamd is. Op it portret jout Martinus in bidler de helte fan syn mantel. Tsjerkebestjoer en publyk wiene sa entûsjast dat yn 2016 in eksposysje folge fan tsien grutte wurken.

Sûnt 2017 wurket er oan in grutte ferfolchopdracht foar de Martinitsjerke: it skilderjen fan de sân wurken fan barmhertigens. De wurken komme te hingjen yn de koaromgong fan de tsjerke. It is foar it earst sûnt de Reformaasje en de Byldestoarm – doe't de tsjerke protestantsk waard – dat der wer permanint byldzjende keunst yn de tsjerke is.

Modderman beskôget himsels mear in ambachtsman as in keunstner. Hy kin ûnderwilens libje fan syn wurk, mei troch stipe fan in Nederlânsk-Amerikaanske mesenas.

Modderman skilderet figuratyf mei in dramatyske ynstek, wêrby't de tematyk út de Bibel komt. Syn wurk lit libbensgrutte personaazjes neffens de werklikheid tsjin in sobere eftergrûn sjen. Hy skilderet allinnich de attributen dy't essinsjeel binne foar it ôfbylde tafriel. Formaat en ljochtfal binne ynspirearre troch grutte wurken fan Rembrandt en de barokke skilderijen fan Caravaggio yn de Galeria degli Uffizi yn Florence. Hy skilderet mei oaljeferve op doek of paniel.

Modderman wûn yn 2020 de BP Young Artist Award, in belangrike priis dy't alle jierren útrikt wurdt troch de National Portrait Gallery yn Londen. It wie de earste kear dat dy priis nei in Nederlânske keunstner gie. Modderman krige de priis foar syn wurk Rusteloos. De ûnderskieding bestiet út in bedrach fan sa'n 10.000 euro, opname yn it museum yn Londen en it meidwaan oan in eksposysje om de priis hinne.

  • 2019-2020: Museum of the Bible, Washington
  • 2016: Schoonheid van religie, Martinitsjerke Grins, tsien wurken
  • 2016-: trochgeande solo-eksposysje yn de New Bern Art Exhibit yn North Carolina

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: