Eedhelper
Appearance
In eedhelper ( of: folger ) wie in helper yn Midsiuwske rjochtsprosedueres. Hy stie by yn it ôflizzen fan de eed. It oantal eedhelpers hong ôf fan de proseduere. Wa't it fereaske oantal eedhelpers hie wûn de rjochtssaak. It wie ek fan belang wa't mei syn eedhelpers as earste swarre mocht.
Efterlizzende gedachte fan dizze regeling wie nei alle gedachten dat om it oardiel fan god frege waard yn de strang trochfierde proseduere. (Sjoch hjirfoar ek by godsoardielen ). Eedhelpers stienen út namme fan God de eed fan ien fan de partijen by.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|