Echte springmûzen

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Echte springmûzen
In greidspringmûs.
In greidspringmûs.
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift: mûzen en jerboä's (Myomorpha)
boppefamylje: jerboä's (Dipodoidea)
famylje: jerboä's (Dipodidae)
ûnderfamylje: springmûzen (Zapodinae)
skaai: echte springmûzen (Zapus)
Coues, 1875

De echte springmûzen of Noardamerikaanske springmûzen (wittenskiplike namme: Zapus) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e jerboä's (Dipodidae) en de ûnderfamylje fan 'e springmûzen (Zapodinae). Ta dit skaai hearre 3 soarten lytse kjifdieren dy't sterk op mûzen lykje, mar dat gjin echte mûzen binne. Echte springmûzen hawwe in lange sturt, lange efterpoaten dy't se brûke om op te huppen en in pels dy't op 'e rêch gielbrún en op 'e bealch witich is, wêrby't de beide kleuren faninoar skaat wurde troch in giel-oranje-eftige streek oer de fangen. De echte springmûzen binne de iennichste libbene sûchdieren mei in gebit dat út 18 tosken bestiet.

Soarten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.