Ecce Homo-basilyk
Ecce Homo-basilyk | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Israel | |
plak | Jeruzalim | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1857-1864 | |
arsjitekt | Honoré Daumet en Christophe Edouard Mauss | |
offisjele webside | ||
Side Ecce Homo-pylgershûs |
De Ecce Homo-basilyk is in 19e-iuwsk tsjerkegebou yn de âlde stêd fan Jerusalim, dat ûnderdiel foarmet fan it Kleaster fan de Susters fan Sion.
De tsjerke leit oan it eastlike ein op de twadde staasje fan de Via Dolorosa, de krúswei fan Jezus op Syn tocht nei Golgota. De namme Ecce Homo is de latynske oersetting fan in de wurden "Sjoch de minske" (Jehannes 19:5).
Under it kleaster leit it grut oerflak fan in romeinske flier. Troch de nonnen fan it kleaster waard dy flier as Gabbata beskôge, de stiennen flier dêr't Pontius Pilatus Jezus hinne brocht en dêr tsjin de joaden sei: "Dat is no jimme kening" (Jehannes 19:13).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke en it kleaster Notre Dame de Sion geane werom op in stifting fan de Frânske pater Alphonse Ratisbonne. Ratisbonne wie in yn 1814 yn Straasburch berne joad, dy't ynearsten ateïst wie en him letter ta it katolisisme bekearde, preester waard en de Oarder fan de Susters fan Sion stifte.
Yn 1857 kocht Ratisbonne in stik braaklân mei in soad pún by de Hadrianus- of Ecce Homo-bôge en joech de arsjitekten Honoré Daumet en Christophe Edouard Mauss (1829–1914) de opdacht om it kleaster en de tsjerke te bouwen. Ek liet Ratisbonne in weeshûs foar famkes by it kleaster bouwe. Kleaster en tsjerke waarden yn 1864 foltôge en ynwijd. De noardlike bôge fan de Hadrianusbôge waard yn de tsjerke yntegrearre en foarmet no ûnderdiel fan it koer fan de tsjerke. Om't it kleaster net grut wie kochten de nonnen letter noch in pear oangrinzgjende hûzen fan Arabieren oan om dêr in medyske apoteek yn te rjochtsen.
Doe't de oerheid de soarch foar de wezen op him naam krigen de romten in religieuze ynfolling. It kleaster jout tsjintwurdich ûnderdak oan in pylgershûs.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Convent of the Sisters of Zion
|