Eben-Haëzertsjerke (Drachten)
Eben-Haëzertsjerke (Drachten) | ||
bouwurk | ||
De tsjerke yn 2017 | ||
lokaasje | ||
Gemeente | Smellingerlân | |
plak | Drachten | |
adres | Houtlaan 27 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerkegebou | |
boujier | 1965 Restauraasje yn 1978/79 | |
arsjitekt | H.G. Geels; Van der Tas (ferb.) |
De Eben-Haëzertsjerke is in Kristlik Grifformearde Tsjerke yn Drachten yn de gemeente Smellingerlân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Kristlike Grifformearde gemeente yn Drachten waard stifte yn 1909. Yn 1911 waard in tsjerke boud oan it Eastein (yn de folksmûle 'de Bopperein', oan de Suderdwersfeart. De earste stien waard yn maart fan dat jier lein troch dûmny M. Koomans.
Yn it begjin fan de sechstiger jierren groeide Drachten hurd, wat ek effekt hie op it ledetal fan de Kristlike Grifformearde Tsjerke. De tsjerke waard te lyts en der waard besletten om in nije tsjerke te bouwen oan de Houtleane 27. It waard in typysk neioarlochsk grifformeard tsjerkegebou: grut, fjouwerkant en heech en fan bûten net folle opfallend, mei troch de klokketoer fan beskieden ôfmjittingen. De earste stien waard lein op 26 maart 1965 en yn itselde jier waard de tsjerke yn gebrûk naam. De tsjerke waard boud troch oannimmersbedriuw Offringa út Waskemar ûnder arsjitektuer fan H.G. Geels út Arnhim.
Om't de gemeente groeien bleau, waard it gebou yn 1971 -79 yngeand ferboud en útwreide mei in tal fasilitêre romten lykas gearkomstesealen en in keuken. Ek waard de tsjerkeseal fergrutte ta goed seishûndert sitplakken. Arsjitekt Van der Tas draaide de tsjerkeseal in fearnsslach wêrtroch't de kânsel tsjin in muorre mei ruten kaam te stean. Foar de ruten waarden beskildere panielen set mei de útbylding fan it skeppingsferhaal. It oargel waard yn 1980 boud troch de firma Hendriksen & Reitsma Orgelbouw út Nunspeet.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Eben-Haëzertsjerke (Drachten) fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|