Easterlauwersk Fryslân
Appearance
Easterlauwersk Fryslân wie eartiids it gebiet tusken de rivieren de Lauwers, dy't in grins foarme tusken Westerlauwersk Fryslân en Easterlauwersk Fryslân, en de Weser. Under oare de Grinzer Ommelannen en de Dútske lânstreek East-Fryslân makken diel fan it gebiet út.
Yn dit Easterlauwersk Fryslân waard it Eastfrysk sprutsen. In dialekt fan it Frysk dat hjoed de dei allinnich noch yn Sealterlân sprutsen wurdt en yn de rin fan de Midsiuwen yn it gebiet hieltiid minder sprutsen waard. East-Fryslân hat syn Fryske karakter behâlden, yn de provinsje Grins wurdt dy noch mar sporadysk weromfûn.