Oerlis:Easterlauwersk Fryslân

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Ik soe graach wite wolle as de ynformaasje dy't ik hjir delset ha goed is. De ynformaasje oer it gebiet dat ta Easterlauwersk Fryslân hjerd hat is net dúdlik. Mooglik komt it ek foar grutte parten oerien mei bygelyks de side oer East-fryslân, dochs tink ik dat dat in hiel oar ûnderwerp is.

Ek wol ik sa'n in stikje meitsje oer Westerlauwersk Fryslân. Lykas op de Nederlânske Wikipedy: Westerlauwers Friesland. Op de Fryske Wikipedy skeakelt dizze side troch nei de provinsje Fryslân.

Ik wol graach jim miening ha oer as dizze siden wat tafoegje oan Wikipedy. J'88

Easterlauwersk Fryslân is rûchwei de provinsje Grinslân. East-Fryslân heart der net by. Groetnis Kening Aldgilles 27 nov 08, 08:27 (CET)