Springe nei ynhâld

Easterbrêge (Ljouwert)

Ut Wikipedy
Easterbrêge
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
plak Ljouwert
oer Eastergrêft
koördinaten 53°12' N 5°48' E
Algemiene gegevens
boujier 1924-1925
iepening 26 maart 1925
Eigenskippen
type baskulebrêge
breedte 10,8 m
trochfarhichte 1,5 m
trochfarbreedte 6,9 m
Oars
monumintnûmer 516447
Kaart
Easterbrêge (Ljouwert-Binnenstêd)
Easterbrêge

De Easterbrêge is in baskulebrêge yn it sintrum fan Ljouwert. De brêge is in ryksmonumint.

De brêge is oer de Easterstedsgrêft lein en ferbynt de Easterkade mei de Eastergrêfswâl en de Wybrand de Geeststrjitte. De brêge hat in breedte fan 10 m (ferdield oer de 7,2 m brede dyk mei oan wjerskanten in stoepe fan 1,8 m en ferfong in smellere brêge fan mar 2,5 m breed, dy't wat súdliker lei.

De brêge en it brêgewachtershûske yn Art deco waarden yn 'e jierren 1924-1925 boud neffens in ûntwerp fan direkteur gemeentewurken L.H.E. van Hylckama Vlieg. It mechanyske diel fan 'e rolbaskulebrêge waard troch Masinefabryk Braat N.V. út Rotterdam makke. De Easterbrêge wie de earste rolbaskulebrêge fan Nederlân neffens it systeem "Rall" (roltsjillen yn sletten stân net belest). It betonwurk waard yn waske grind-beton útfierd.[1][2] De Easterbrêge wie de earste elektryske brêge fan Ljouwert.[3] De brêge waard op 26 maart 1925 oplevere en op snein 29 maart yn gebrûk nommen[4].

By in renovaasje yn april-maaie 1998 waard it dek fan 'e brêge en de baskulemechanyk ferfongen.[5]

It nije brêgedek waard by Burgum Staalbouw makke en oanfierd mei in binnenskip.[6]

De oarspronklike draaihekken en ljochtmesten binne net mear oanwêzich. By de lêste opknapbeurt fan 'e brêge binne nije ljochtmesten yn in styl set, dy't sawol âld as modern eagje. Ek krige de brêge nije draaihekken.[7]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: