Springe nei ynhâld

Earste Keamer fan de Steaten-Generaal

Ut Wikipedy
Algemiene Beskôgingen 2014 yn de Earste Keamer

De Earste Kamer is ien fan de twa parten fan de Steaten-Generaal. De Earste Keamer is fral dwaande mei de technyske kanten fan wetsûntwerpen: past de wet yn de gearhing mei oare wetten en is de wet deeglik. De Keamer hat ien sittingsdei yn 'e wike en hat 75 sitten.

De Earste Keamer kin in wetsûntwerp goed- as ôfkarre, de ryksbegrutting goed- as ôfkarre, in debat mei in minister oanfreegje en in parlemintêre enkête hâlde. In lid fan de Earste Keamer kin ek noch de minister oanskriuwe mei fragen.

De Earste Keamer wurdt keazen troch alle Provinsjale Steaten, binnen trije moannen nei de ferkiezings dêrfan. Dat kiezen fan de Earste Keamer giet mei woegen stimmen: foar alle provinsjes wurdt útrekkene hoefolle ynwenners in lid fan dy Provinsjale Steaten nei ferhâlding fertsjinwurdiget.

De Keamer is yn 1815 ynsteld, trochdat de Steaten-Generaal opsplitst waard yn twa keamers. Oarspronklik waarden alle lidden beneamd troch de kening, mar sûnt 1848 wurde hja keazen troch de Provinsjale Steaten. Oant 1956 hie de Keamer 50 sitten. Oant 1983 wie de sittingstiid foar in lid seis jier, wêrby alle trije jier de helte fan de Keamer op 'e nij keazen waard.

De senatoaren kieze foar de doer fan in sittingsperioade in foarsitter út har fermidden. De foarsitter fan de Earste Keamer is ek de foarsitter fan de Verenigde Vergadering fan de beide Keamers fan Steaten-Generaal. Yn dy funksje sit de Earste Keamerfoarsitter ûnder oare de plechtichheden op Prinsjesdag foar.
Fan 2 july 2013 oant 11 juny 2019 siet VVD'er Ankie Broekers-Knol de Earste Keamer foar. Sy folge Fred de Graaf op dy't ôfgie neidat opskuor ûntstien wie by it útoefenjen fan syn taak as foarsitter fan de Feriene Gearkomste by de ynhuldiging fan kening Willem-Alexander yn april 2013. Op 2 july 2019 keas de Earste Keamer Jan Anthonie Bruijn (VVD) as har foarsitter.

Gearstalling 2023-2027:[1]

██ Koälysjepartij

Politike partij Sitten Fraksjefoarsitter [2] Opmerkings
BoerBoargerBeweging (BBB) 16 Ilona Lagas
GrienLinks (GL) - Partij fan de Arbeid (PvdA) 14 Paul Rosenmöller
Folkspartij foar Frijheid en Demokrasy (VVD) 10 Edith Schippers
Kristen Demokratysk Appèl (CDA) 6 Theo Bovens
Demokraten 66 (D66) 5 Paul van Meenen
Partij foar de Frijheid (PVV) 4 Marjolein Faber
Partij foar de Dieren (PvdD) 3 Niko Koffeman
Sosjalistyske Partij (SP) 3 Rik Janssen
KristenUny (CU) 3 Tineke Huizinga
JA21 3 Annabel Nanninga
Steatkundich Grifformearde Partij (SGP) 2 Peter Schalk
Foarum foar Demokrasy (FVD) 2 Johan Dessing
Volt Nederlân (Volt) 2 Gaby Perin
50PLUS (50+) 1 Martin van Rooijen
Unôfhinklike Polityk Nederlân (OPNL) 1 Auke van der Goot
Totaal 75
Totaal koälysjepartijen 24

Ferkiezingsresultaten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferkiezings fan de Earste Keamer sûnt 1991:[3]

Politike partij Ofkoarting Sitten 2023 Sitten 2019 Sitten 2015 Sitten 2011 Sitten 2007 Sitten 2003 Sitten 1999 Sitten 1995 Sitten 1991
BoerBoargerBeweging BBB 16
GrienLinks GL 14 ¹ 8 4 5 4 5 8 4 4
Partij fan de Arbeid PvdA 14 ¹ 6 8 14 14 19 15 14 16
Folkspartij foar Frijheid en Demokrasy VVD 10 12 13 16 14 15 19 23 12
Kristen Demokratysk Appèl CDA 6 9 12 11 21 23 20 19 27
Demokraten 66 D66 5 7 10 5 2 3 4 7 12
Partij foar de Frijheid PVV 4 5 9 10
Partij foar de Dieren PvdD 3 3 2 1 1
Sosjalistyske Partij SP 3 4 9 8 12 4 2 1
KristenUny ² CU 3 4 3 2 4 2 4 2 2
Rjocht Antwurd 21 JA21 3
Steatkundich Grifformearde Partij SGP 2 2 2 1 2 2 2 2 2
Foarum foar Demokrasy FVD 2 12
Volt Nederlân Volt 2
50PLUS 50+ 1 2 2 1
Ûnôfhinklike Polityk Nederlân / Ûnôfhinklike Senaatsfraksje OPNL / OSF 1 1 1 1 1 1 1 1
List Pim Fortuyn LPF 1
Algemiene Aldere Ferbûn AOV 2
Totaal 75 75 75 75 75 75 75 75 75

¹ 2023: GL + PvdA = 14 sitten

² 1991-1999: GPV + RPF

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Samenstelling nieuwe Eerste Kamer 2023 - totaaloverzicht, Parlement.com
  2. Fractievoorzitter Eerste Kamer, Parlement.com
  3. Eerste Kamerverkiezingen 1983-2023, Parlement.com