Earelist fan Fallenen 1940-1945
Appearance
De Earelist fan Fallenen 1940-1945 is in dokumint mei de nammen fan yn de Twadde Wrâldkriich sneuvele Nederlânske militêren en fersetsstriders.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De list is opmakke troch it Ryksynstitút foar Oarlochsdokumintaasje. Op 4 maaie 1960 bea Keninginne Juliana de Eerelist oan de Steaten-Generaal oan. Sûnt hat de earelist in plak yn de hal fan de yngong fan de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal. Meidat it ynisjatyf foar it opnimmen yn de list (útsein de militêren) by de neibesteanden lei, is de list ûnfolslein, om't net eltsenien werom fûn is.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De list hat likernôch 18.000 nammen ferparte oer fiif groepen:
- Militêren fan de Keninklike Lânmacht
- Offisieren en manschappen fan de Keninklike Marine
- Bemanningsleden fan Nederlânske keapfardijskippen
- Militêren fan it Keninklik Nederlânsk-Ynjysk Leger en leden fan it Yndysk ferset
- Fersetslju yn Nederlân.