Earehôf Nijemardum

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Earehôf Nijemardum

It Earehôf Nijemardum is leit op it algemiene begraafplak fan Nijemardum yn it suden fan Fryslân. It begraafplak leit om in 16e iuwske tsjerketoer. Oan de eastkant fan de toer lizze de grêven fan 9 loftmachtmilitêren, 6 Ingelsken en 3 fan de Kanadeeeske loftmacht. Twa binne ûnbekend.

Namme Funksje Underdiel Sq Ferstoarn leeftyd
John Arthur Bailey Boardskutter Royal Canadian Air Force 426 Sq 29-03-1943 23
Raymond Boucher Radio-operator/boardskutter Royal Air Force Volunteer Reserve 78 Sq 08-11-1941 20
Donald Cameron Sersjant Royal Air Force Volunteer Reserve 78 Sq 08-11-1941 29
John Franklin Gubb Bommerjochter Royal Canadian Air Force 426 Sq 29-03-1943 21
George Marshall McCombe Piloat Royal Air Force Volunteer Reserve 78 Sq 08-11-1941 25
Richard Earl Todd Piloat Royal Canadian Air Force 426 Sq 29-03-1943 23
Gilbert Terence Webb Waarnimmer Royal Air Force Volunteer Reserve 78 Sq 08-11-1941 25
ûnbekend Sersjant Air Force
ûnbekend Air Force

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 8 novimber 1941 waard in Whitley, de Z6948 fan it 78e Sq, oanfallen troch in Dútske nachtjager en stoarte del tusken Aldemardum en Nijemardum yn it súdwesten fan Fryslân. De 5 bemanningsleden kamen dêrby om it libben. Fjouwer bemanningsleden bine hjir begroeven. Ien lid fan de bemanning, Sersjant Bell, waard op 19 novimber 1941 yn de omkriten fan De Lemmer fûn en leit op it earehôf De Lemmer.


Op 29 maart 1943 waard in Wellington, de BJ 762 fan it 426 Sq, oanfallen troch in Dútske nachtjager. De Wellington kaam terjochte yn de Sondeler Leien, in natuergebiet tichtby Sondel yn Gaasterlân. Trije leden fan de bemanning kamen dêrby om en waarden begroeven op it algemiene begraafplak fan Nijemardum. De twa oaren waarden kriichsfinzen makke.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: