Earehôf Hylpen

Ut Wikipedy
Earehôf Hylpen

It Earehôf Hylpen leit op it tsjerkhôf fan de Grutte Tsjerke yn de Tsjerkestrjitte yn Hylpen. Der steane alve stienen, fiif dêrfan binne oant no ûnbekend bleaune loftmachtmilitêren. Op de stiennen steane de nammen:

Namme Funksje Underdiel Sq Stoarn Aldens
Wilbur Henry Chapman Sersjant Royal Australian Air Force 514e Squadron 22-01-1944 26
Roy Oswald Fulton Boardwurktúchkundige Royal Canadian Air Force 83e (RAF) Squadron 05-03-1943
John Lewis Organ Boardskutter Royal Air Force 83e Squadron 05-03-1943 23
Bernard William Palastanga Waarnimmer Royal Air Force Volunteer Reserve 408e (RCAF) Squadron 07-11-1941 21
Alfred Bakes Springett Radio-telegrafist Royal Air Force Volunteer Reserve 51e Squadron 22-11-1943 23
Gordon Robert Sugar Radio-telegrafist/boardskutter Royal Air Force 83e Squadron 13-06-1943 22
Net witten Loftmachtoffisier Royal Canadian Air Force 29-11-1943
Net witten Loftmachtmilitêr Royal Canadian Air Force
Net witten Loftmachtmilitêr Royal Air Force 26-07-1944
Net witten Loftmachtsersjant Royal Air Force 01-12-1941
Net witten Loftmachtmilitêr Royal Air Force 31-08-1943

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de nacht fan 6 op 7 novimber 1941 fierde it 408e Kanadeeske Squadron mei Hampden bommesmiters in missy út rjochting Dútslân. Op de weromreis by de Nederlânske kust waard de Hampden nr. AD 972 oanfallen troch in Dútske nachtjager. Troch in skroefdûkflecht te meitsjen wisten se de fijân fan har ôf te skodzjen. Doe't de piloat dêrnei in bemannings-check hold, joech de waarnimmer-sersjant Palastanga gjin antwurd. By kontrôle blykte syn ûntsnappingslûk iepen te stean en syn parasjute út it rak ferdwûn. Sersjant Palastanga waard as fermist opjûn. Earst nei de kriich die bliken út in rapport fan it Reade Krús dat het stoflik omskot op 12 april 1942 oanspield wie oan de Fryske kust by Hylpen. Hy wie begroeven op it tsjerkhôf fan Hylpen. De Hampden kaam feilich werom op de thúsbasis it Syerston fleanfjild.

Op 22 novimber 1943 stoarte in Halifax, de LW 286 fan it 51e squadron, troch noch ûnbekende oarsaak yn de Iselmar tusken Urk en Hylpen. It tastel wie op missy nei Berlyn. Alle 7 bemanningsleden kamen by de crash om, dêrfan binne der fjouwer oant hjoed de dei fermist. Sersjant A.B. Springett leit begroeven op dit earehôf Hylpen. De oare bemanningsleden:

F.H. Moynihan Navigator Royal Air Force Volunteer Reserve 23 Earehôf De Lemmer
E.H.G. Dyer Boardskutter Royal Air Force Volunteer Reserve 19 Earehôf Ald-Leusden
J.E. Whitehead Boardskutter Royal Air Force Volunteer Reserve 20 Fermist
H.F. Farley Piloat Royal Air Force Volunteer Reserve 30 Fermist
S.H. Godfrey Boardwurktúchkundige Royal Air Force Volunteer Reserve 21 fermist
H.O. Hetterley Bommerjochter Royal Air Force Volunteer Reserve 21 fermist

De nammen fan de fermisten steane oanjûn op it Runnymede memorial.

Op 22 jannewaris 1944 stoarte in Lancaster, de DS 824 fan it 514e Squadron yn it noardlik diel fan de Iselmar. De sân bemanningsleden kamen dêrby om it libben. Trije dêrfan wurde noch altiten fermist. Sersjant Chapman leit begroeven op dit earehôf. De oare bemanningsleden:

J.K. Williams Piloat Royal Air Force Volunteer Reserve Earehôf Starum
J.R. Keenen Boardwurktúchkundige Royal Air Force Volunteer Reserve Mist
L.N. Millis Navigator Royal Air Force Volunteer Reserve 22 Earehôf Makkum
D.F. Henshaw Loftmachtoffisier Royal Air Force Volunteer Reserve 27 Fermist
A.Pratt Sersjant Royal Air Force Volunteer Reserve Fermist
E.A. Lane Boardskutter Royal Air Force Volunteer Reserve Earehôf Makkum

De nammen fan de fermisten steane neamd op it Runnymede memorial.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: