Earder haadpostkantoar fan Ljouwert
It eardere haadpostkantoar fan Ljouwert is in monumintaal pân oan de Twibaksmerk yn Ljouwert ûntwurpen troch de ryksboumaster C.H. Peters. It pân hat in ryk fersierde houten kape dy't linet op grutte pylders. Yn it gebou sitte (2008) in hotel en in kongressintrum.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan it begjin fan de 20e iuw blykt it postkantoar fan Ljouwert oan de Woartelhaven te lyts en beslút in Ministearje ta nijbou, dat ek oan telegrafy en telefony plak biede moat.
By de sloop fan de oanwêzige bebouwing wurde resten fûn fan it eardere kleaster fan de minderbruorren, wêrûnder muorreresten en in lytse poarte. Dizze fynsten wurde yn it nije gebou yntegrearre. Yn 1903 waard it gebou yn gebrûk nomd. Yn de jierren'50 blykt it gebou te lyts en is útwreiding needsaaklik.
Lettere funksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt 2003 wurdt it brûkt as kongressintrum "Post-Plaza" en yn 2008 is it útwreide nei Grand Hotel Post-Plaza, troch in restaurant en 43 keamers yn it pân dernjonken, de eardere Gratama en Nederlânske Bank.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|