Eachplakgroukopke

Ut Wikipedy
Eachplakgroukopke
Pyrgus armoricanus.jpg
taksonomy
Klasse: Ynsekten (Insecta)
Skift: Flinters (Lepidoptera)
Famylje: Groukopflinters (Hesperiidae)
soarte
Pyrgus armoricanus

It eachplakgroukopke (Pyrgus armoricanus) is in flintersoarte yn it skaai fan de puzelgroukopkes (Pyrgus).


Foarkommen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De flinter is 1 kear sjoen yn Nederlân. Hielendal wis is dy waarnimming net. De flinter hâldt fan waarme drûge hellingen mei koarte fegetaasje. Se komme net foar yn de Benelúks, wol lokaal yn it Ryndal en Moezeldal. It is in honkfêste soarte.

Fleantiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De flinter fljocht fan midden maaie ôf oant ein juny en yn de hiele moanne augustus. Fljocht altyd yn twa generaasjes.

Flinter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It is lyts groukopflinter mei in wjuklingte fan likernôch 13 mm. De flinter hat wite plakken op de foarwjuk. De ûnderkant fan de efterwjuk is grieneftich of brúneftich.

Rûp[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De rûp oerwinteret as in healwaaks rûp.

De rûp fret fan de ganzeriksoarten.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]