EYesis
eYesis wie in Fryske akoestyske rockband. De band is neamd nei de goadinne Isis. Se woene mei Fryske en Ingelske teksten tichtby de stille krêft en sfear fan Fryslân komme. EYE-SIS spile in mingd repertoire fan folk, dûns en rock en mei in ferskaat oan ynstruminten. De band bestie út Jolanda Toonstra (sjongster), Edda "Afien" Agema (sjongster), Timme Koudstaal (gitaar, piano en mandoline), Evert Groendijk (basgitaar en perkusje).
Yn 2008 spilen se op it Frysk Festival en hienen in optreden by Omrop Fryslân. Boppedat stienen se yn it foarprogramma fan Marike Jager (yn Poppoadium Romein yn Ljouwert). Se stienen dat jier mei "Myn Thús" op nûmer 67 fan de Fryske Top 100.
De plannen foar 2009 om mei de nije CD ‘Dûnsje op it fjoer‘ út te kommen binne net útfierd, mei trochdat Afien de band ferliet. Der waard noch meidien mei sjongster Nicole oan Liet 2009, mar yn juny waard de band opheft en gie oer yn Voke út Ljouwert.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Webstee Voke (deade keppeling)