Dwershûspleats (De Rottefalle)
Appearance
(Trochferwiisd fan Dwershûspleats (Rottefalle))
De dwershûspleats oan de Haven 3 yn De Rottefalle is in monumintale pleats.
De pleats komt út it begjin fan de 19e iuw en stie doe oan de noch net dimpte De Lits oan de Haven yn Rottefalle. It wengedielte fan de pleats stie oan de havenside en wie ferbûn mei de efterlizzende skuorre, dy't wyls sloopt is.
Sûnt 1968 wurdt der net mear buorke yn de pleats. It wenhûs hat in sealdak mei twa skoarstiens op de hoekpunten. Oer de hiele lingte fan it foarhûs rint in blokte sierlist. It gebou is erkend as in ryksmonumint.