Springe nei ynhâld

Noardsk doarke

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Duvelsdoar)
Sinnebeskynde doar yn de tsjerke fan Noarddyk
Duerswâld, Noardsk doarke

In Noardsk doarke is de tichtmitsele poarte fan ± 1,5 m hichte lykas dy wol mear yn de noardkant fan Fryske en Grinslanner tsjerken sitte. Oarspronkilik wie de doar iepen en wie it de tagong foar froulju, dy't oan de noardside sieten. Se giene troch in kâlde (yn it skaad lizzende) lytse doar nei binnen en giene nei lottering fan de preek it gebou troch in grutte, sinnebeskynde doar wer nei bûten. In psychologysk trúkje. De poarte is leech troch de opheging fan it tsjerkhôf. De doar hiet elk wol 'duvelsdoar' of 'noarmannepoarte'.

De oerlevering wol dat de doarkes troch de Wytsingen oanbrocht binne by harren besetting fan de streek. De bewenners waarden ferplichte om nei de tsjerketsjinst troch it doarke de tsjerke te ferlitten. Troch de lytse hichte moasten se sa in bûging nei it noarden meitsje, dus nei de Noarmannen ta. De slûchslimme tsjerkegongers ferlieten de tsjerke efterstfoarst en rjochten sa harren kont nei harren besetters. It earebetoan waard sadwaande in mislediging.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: