Springe nei ynhâld

Durk Wiersma (heechlearaar)

Ut Wikipedy

Durk Wiersma (Ljouwert, 20 septimber 1947 - Haren, 6 maaie 2019)[1] wie heechlearaar Klinyske Epidemiology fan Psychiatryske Steuringen. Oant 7 july 2011 wie prof. Wiersma programmalieder fan it Rob Giel Undersyksintrum, in gearwurkingsferbân tusken Lentis (it eardere GGZ Groningen), stichting GGZ Friesland, stichting GGZ Drenthe, Dimence, Mediant en it Universitêr Sintrum Psychiatry fan it Universitêr Medysk Sintrum Grins.

Durk Wiersma studearre, nei it Gymnasium, Westerske Sosiology oan de Ryksuniversiteit Grins, mei as spesjalisaasje Medyske Sosjology. Yn 1979 promovearre er op it proefskrift Psychosociale stress en langdurige arbeidsongeschiktheid. Yn 1993 foltôge er de oplieding ta epidemiolooch-B.

Sûnt 1974 wie Durk Wiersma ferbûn oan de Ryksuniversiteit, dêr 't er yn 1986 universitêr haaddosint waard. Yn 1991 waard er ûnderskieden mei de Ramaer-medalje fan de Nederlandse Vereniging voor Psychiatrie, fanwegen syn wurk op it mêd fan de evaluaasje fan opnameferfangende deibehanneling en de ûntwikkeling fan in skaal foar de mjitting fan sosjaal hâlden en dragen.

Op 18 oktober 2002 waard Durk Wiersma beneamd ta bysûnder heechlearaar yn de Klinyske Epidemiology fan Psychiatryske steuringen troch de Stichting Bijzondere Leerstoel Klinische Epidemiologie van Psychiatrische Stoornissen. Sûnt dy tiid hat er tsientallen promoasjes begelaat fan junior ûndersikers ferbûn oan it Rob Giel Undersyksintrum en siet er yn in soad (ynter)nasjonale ferieningen en kommisjes.

Op 7 july 2011 hat Durk Wiersma de lieding oer it Rob Giel Undersyksintrum oerdroegen yn fanwegen it berikken fan de pinsjoenberjochtige âldens. Op dyselde dei is hy beneamd ta offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

De wittenskiplike karriêre fan Durk Wiersma hat hieltyd yn it teken stien fan de ferbettering fan de kwaliteit fan libben fan minsken dy't langere tiid soarchôfhinklik binne. Yn syn eigen wurden: Daar doe ik het allemaal voor.

Op 6 maaie 2019 is prof. dr. Durk Wiersma ferstoarn.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: