Springe nei ynhâld

Durk Tabak

Ut Wikipedy
Selsportret Durk Tabak

Durk Tabak (De Harkema, 1902 - Stynsgea, 1949) wie in moardner en artyst.

Durk Tabak wie it sechde bern fan Jehannes Tabak en Antsje Folkertsma. De húshâlding wie earm. Durk wie in koppich persoan, krekt sa as syn heit. Dêrtroch wie heit Tabak noch alris sûnder wurk.

Noch op de legere skoalle waard Durk betrape op stellerij. Hy waard 6 moanne nei in tuchtskoalle stjoerd. Letter bedarre er dêr nochris in skoft. Yn 1925 krige er fjouwer moanne finzenisstraf foar tramtaasje.[1]

Durk koe him net deljaan ûnder in baas, dêrom waard hy muzikant. Tabak hie talint foar tekenjen, mar wie ek in fertsjinstlik trekharmonika-spiler en sjonger. Ta syn freonen hearden Eije Wijkstra fan Doezum en Jan Hut, mei wa't er wol spile op brulloften en feesten.

Yn 1930 waard Tabak feroardiele ta 15 jier sel nei't er yn it Drachtster kafee Jonker de 29-jierrige Jan van der Meulen deastutsen hie. Hy ferskûle him op it húske fan Jan Hut oan de Tsjerkestrjitte yn Drachten, mar waard rillegau arrestearre.

Yn 1945 kaam er frij. Inkele jierren letter, skeat er yn Stynsgea syn freondinne Grietje Groenland-Hayema dea. Efkes letter die er himsels tekoart mei in kûgel troch de holle.

Tabak hie ek syn goede kanten. It skynt dat er ris by in hûn yn it hok krûpte, doe't it bist benaud foar tonger wie.

Keppelingen om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. [1] Douwe de Graaf op Mooi Harkema.nl
  • Wikipedia nl, Durk Tabak