Springe nei ynhâld

Durk II fan Are

Ut Wikipedy

Durk II fan Are, ek: Dietrich von der Ahr, (? - Dimter, 5 desimber 1212) wie biskop fan Utert. Sûnt 1197 is er biskop fan Utert (sjoch Kondominium).

Durk fan Are wie proast fan Sint-Servaas yn Maastricht en wenne op it momint fan syn beneaming ta biskop oan it hof fan keizer Hindrik VI yn Palermo. Omdat it bisdom Utert grutte skulden hie by Romeinske bankiers, waard hy yn 1204 troch paus Innosentius III oansetten om mei te dwaan oan de opfolgingsstriid yn Hollân oan de side fan Loadewyk II fan Loan tsjin Willem I, yn de hope dat dit jildlike middels opleverje soe. Dirk sluet in ruiloerienkomst mei Hollân, wêrtroch al syn ministerialen en serven dy't op Hollânsk grûngebiet wennen oan Hollân skonken waarden en alle ministerialen en serven fan de greve fan Hollân dy't op Stichts grûngebiet wennen oan de biskop kamen. Ridders wienen fan de oerienkomst útsluten en bleauwen ferbûn oan harren oarspronklike tsjinsthear. Yn de opfolgingsstriid yn it Dútske Ryk waard hy troch de paus twongen ta steun oan Otto IV.

Oansocht as beskermer kaam er yn 1199 nei Fryslân ta en oefene gesach út troch belesting op te lizzen sûnder him fan greve Willem wat oan te lûken. Dizze naam him finzen, mar boargers fan Starum befrijden him. Nei it ôfgean fan Willem waard it kondominium wersteld yn 1204, mar Durk hâlde de Hollânske rjochten yn pân. Syn gesach blykt ek út it slaan fan munten.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • I.H. Gosses, Verspreide geschriften (Grins, 1946) side 223-225
  • Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Dietrich von der Ahr.