Springe nei ynhâld

Drouwenerzand (attraksjepark)

Ut Wikipedy
Drouwenerzand
  ferdivedaasjepark
Yngong Drouwenerzand
Yngong Drouwenerzand
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Drinte
Gemeente Borger-Odoorn
plakDrouwen
adresGasselterstraat
koördinaten53° 57' NB, 6° 47' EL
bysûnderheden
typeferdivedaasjepark
eignerBert van der Linde
iepen1956
attraksjes20
achtbanen1
skiednis
iepening1956
offisjele webside
webstee Drouwenerzand
kaart
Drouwenerzand (Drinte)
Drouwenerzand
Lokaasje fan Drouwenerzand.

Drouwenerzand is in attraksje- en fakânsjepark yn Drouwen yn de Drintske gemeente Borger-Odoorn. Njonken it park is it natuergebiet Drouwenerzand dêr't it attraksjepark nei neamd is.

It park begûn nei't de lokale bakker Hendrik Buntjer it teehûs oernaam, it teehûs bestie al sûnt 1924. Buntjer liet der in seal yn Saksyske styl by bouwe. Om de bern fan de besikers te fermeitsjen pleatste hy boarterstastellen by de seal. Yn de jierren dêrnei waard de boarterstún fierder útwreide. Ek waard der op it terrein in fakânsjepark iepene.

Yn 1994 waard it park ferkocht oan ûndernimmer Bert van der Linde. Ynearsten sette hy it park op deselde wize troch, in teehûs, mei boarterstún en fakânsjepark, mar de besikersoantallen rûnen drastysk tebek. By in besite oan Avonturenpark Hellendoorn, dat ek fuortkommen is út in teehûs, besluet van der Linde it roer om te smiten en hy makke fan de boarterstún in attraksjepark. Hy keape in tal twaddehânsk merke-attraksjes en betocht in all-inclusive formule dat iten en drinken by de yntreepriis ynbegrepen is. It plan wurke en it tal besikers naam wer ta; mei it fertsjinne jild wurde der ek nije attraksjes oanskaft. Alle twaddehâns merke-attraksjes fan de earste oere binne dêrtroch yntusken alwer ferdwûn.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    Ferdivedaasjeparken yn Nederlân
    Fryslân
    Duinen Zathe · Kameleondoarp · Sânjes Safary · Sybrandy's Boarterspark
    Nederlân
    Attractiepark Slagharen · Avonturenpark Hellendoorn · Bommelwereld · BillyBird Park Drakenrijk · BillyBird Park Hemelrijk · Drouwenerzand · Drievliet · Dinoland · DippieDoe · De Waarbeek · Duinrell · Efteling · Het Land van Jan Klaassen · Julianatoren · Kabouterland · Kinderstad Heerlen · Linnaeushof · Madurodam · Mini Mundi · Neeltje Jans · Nienoard · Oud Valkeveen · Park Tivoli · Plopsa Indoor · Rijk der kabouters · Speelland · Speelpark Hoge Boekel · Sprookjeshof · Sprookjesbos Valkenburg · Sprookjeswonderland · Toverland · Walibi Holland · Wonderwereld
    Eardere ferdivedaasjeparken
    Aeolus · Archeon · Ecodrome · De Valkenier · De Vluchtheuvel · Flevohof · Het Land van Ooit · Miniatuerpark Appelskea · Miniatuur Walcheren · Speelstad Oranje · Verkeerspark Assen · Yumble
    · · Berjocht bewurkje