Dragør (gemeente)
Appearance
Dragør | |
---|---|
flagge | wapen |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Denemark |
regio | Haadstêd |
boargemaster | Eik Dahl Bidstrup (sûnt 2014) |
sifers en geografy | |
haadplak | Store Magleby |
ynwennertal | 14.272 (2018) |
oerflak | 18,42 km² |
skiednis | |
oprjochte | 1974 |
oar | |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.dragoer.dk |
Dragør is in gemeente yn Grut-Kopenhagen yn de regio Haadstêd (Deensk: Region Hovedstaden) yn Denemark.
De gemeente Dragør is in lytse gemeente op Amager. De gemeente bestiet út de twa stêden Dragør en Store Magleby, dy't nei inoar ta groeid binne en hast ien plak foarmje.
De gemeente ûntstie by de gemeentlike weryndieling fan 1974 troch gearfoeging fan de parochy's Dragør en Store Magleby.
Yn it ramt fan de gemeentlike weryndieling fan 2007 bleau de gemeente selsstannich, mar moast wol in gearwurkingsoerienkomst slute mei de oanbuorjende gemeente Tårnby.
Plakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Grutste plakken yn de gemeente | ||||
Nr | Plaknamme | Ynwenners (2011) | ||
---|---|---|---|---|
1 | Dragør | 11.721 | ||
2 | Søvang | 1.707 |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|