Douwe Kootstra
Appearance
Douwe Kootstra (Drachten, 3 novimber 1951) is in Frysk skriuwer. Douwe Kootstra wurket yn it ûnderwiis, op it stuit as meiwurker fan Cedin Educative Dienstverlening. Hy hat namme makke as skriuwer fan reisferhalen, hy wie de earste dy't dit sjenre yn it Frysk beoefene. Kootstra skriuwt ek kollumns, ûnder oare foar it magazine fan It Fryske Gea en is faak op 'en paad as ferteller fan folksferhalen, mearkes, sêgen en legindes.
Publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De moanne op 'e rêch (1987) ISBN 90-330-0178-0
- Yn de baan fan de boemerang (1990) ISBN 90-330-1417-3
- Achter ljochte bergen (1993) ISBN 90-330-1451-3
- Alde spoaren (2000) ISBN 90-330-1214-6
- Berjochten út Boedapest (2001) ISBN 90-330-1129-8
- Paradys oan de baai (2010) ISBN 978-90-330-0937-2
- De wiete poes en oare ûnfoege folksferhalen. Tegearre mei Jurjen van der Kooi (2017)