Springe nei ynhâld

Tsjuster

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Donker)
Hoe't de Ierde der by nachtlik tsjuster yn 1994/1995 útseach. It is in kompilaasje; it kin fansels net oeral tagelyk nacht wêze.

It tsjuster, ek: de tsjusterens, de tsjusterheid, de tsjusternis, de tsjusterte, it donker of it dûnker, is, yn absolute sin, it ûntbrekken fan sichtber ljocht. De term wurdt lykwols ek brûkt foar sitewaasjes dêr't in lytse hoemannichte ljocht oanwêzich is. Yn dy kontekst besteane der ferskate gradaasjes fan tsjuster. De grutste en wichtichste oarsaak fan tsjuster is de nacht, as de sinne, de wichtichste boarne fan ljocht, him oan 'e oare kant fan 'e Ierde befynt. Nettsjinsteande dat wurdt it nachtlik tsjuster faak wol in bytsje ferljochte troch de moanne en de stjeren. By tsjustermoanne ûntbrekt ek it moanneljocht, en by berûn waar misse sawol moanne as stjerren. Behalven by nacht komt tsjuster ek foar yn 'e romte, en op 'e Ierde bgl. yn ôfsletten gebouwen sûnder finsters en yn romten ûnder de grûn, lykas kelders of minen.

De minsklike maatskippij makket lykwols sûnt in pear iuwen nachts syn eigen ljocht, troch strjitferljochting, sierferljochting, reklameferljochting, ensfh. Yn dat ramt wurdt wol sprutsen fan ljochtfersmoarging. Fan gefolgen is it yn in tichtbefolke lân as Nederlân nea mear wier tsjuster. Inkeld yn tige tinbefolke gebieten, lykas woastinen, oerwâlden en berchtmen, komt tsjintwurdich op 'e Ierde noch de alderheechste gradaasje fan tsjuster foar. De lêste fearnsiuw nimt yn 'e Westerske wrâld de oandacht foar it belang fan tsjuster foar sawol minske as natoer ta. It bioritme fan minsken en bisten is nammentlik fierhinne ôfhinklik fan it nachtlik tsjuster. De lêst dy't libbene organismen ûnderfine fan tefolle keunstljocht, wurdt ljochthinder neamd.

By tsjuster is it minsklik gesichtsfermogen net by steat om kleuren te ûnderskieden. Dat begjint al by skimer, as alle kleuren begjinne te ferdizenjen ta griistinten, en neigeraden dat men te meitsjen kriget mei hegere gradaasjes fan it tsjuster, boazet it allinne noch mar oan. By de heechste gradaasjes fan it tsjuster sjocht men inkeld noch swart. De syklus fan dei en nacht (en dus fan ôfwikseljend ljocht en tsjuster) hat evolúsjonêr laat ta ferskate adaptaasjes by organismen. Sa ferwiidzje de pupillen yn 'e eagen fan wringedieren (lykas minsken) har, as se fan it ljocht yn it tsjuster komme. Dêrtroch kin mear ljocht yn it each opnommen wurde, sadat it nachtsicht better wurdt. Oarsom fersmelje de pupillen fan wringedieren har as se út it tsjuster yn it ljocht komme.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.