Donald Jones
Donald Jones | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Donald Towe Jones | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 24 jannewaris 1932 | |
berteplak | New York | |
stoarn | 5 novimber 2004 | |
stjerplak | Amsterdam | |
etnisiteit | Afro-Amerikaansk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | Dûnser, akteur, sjonger | |
jierren aktyf | 1954-2004 |
Donald Towe Jones (Harlem (New York), 24 jannewaris 1932 – Amsterdam, 5 novimber 2004) wie in Amerikaansk-Nederlânsk dûnser, akteur en sjonger fan Afro-Amerikaansk komôf.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jones waard oarspronklik oplaat ta reklameûntwerper yn de FS. Yn 1954 ferfear er nei Amsterdam om it dêr as dûnser te besykjen en om it rasisme yn syn lân te ûntflechtsjen. Jones waard de earste swarte stjer yn de Nederlânske showbizz. Nei't er sels sei wie er yn Nederlân yn de earste jierren in attraksje: "Ik wie in 'oddity'. In frjemd ding. Jo koene it oanreitsje en jo koene der mei prate. Ik rûn in kear troch de Leidsestrjitte en ik fielde ynienen in hân troch myn hier. Ik skrok my lam. Wiene it famkes, se seine: 'Sorry menear, wy woene ekes fiele'" [1].
Hy waard rillegau bekend yn Nederlân troch de protte optredens yn telefyzje- en kabaretproduksjes. Syn engaazjemint krige er by Sieto en Marijke Hoving yn harren kabaretgroep Tingel Tangel. Ein jierren fyftich spile er de rol fan wurkstudint Dinky yn de telefyzjerige Pension Hommeles. Yn dy searje sjong er Ik zou je in een doosje willen doen, fan Annie M.G. Schmidt en Cor Lemaire, dat in hit waard.
Donald Jones dûnse tal fan jierren yn de Snip en Snap Revu en yn de Show fan André van Duin. Yn de bernerige Mik & Mak hie er in haadrol as de freon fan de beppesizzer fan Oma Tingeling (Magda Janssens).
Jones wie in jiermannich troud mei Adèle Bloemendaal. Ut dit houlik waard yn 1963 akteur John Jones berne.
Donald Jones stoar mei 72 jier oan in hertoanfal. Hy waard kremearre op Westgaarde.[2]
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Murder at 1600 (1997) - Ferslachjouwer C
- SamSam (telefyzjerige) - Menear De Waard (ôfl. Plaats vergaan, 1994, en Daar gaat de bruid, 1996)
- Indigo (fideo, 1996) - Befeiliger/Swalker
- Dolly Dots (telefyzjerige) - Spencer (1983)
- Pipo de Clown (telefyzjerige) - Mik (1963-1964)
- Grijpstra & De Gier (1979) - Habberdoedas van Meteren
- Pretfilm (1976) - Ferskate rollen
- Bezeten - Het gat in de muur (1969) - Otto Fabian
- Mik & Mak (tf-rige) - Mik (1962-1963)
- Pension Hommeles (tf-rige) - Dinky (1957-1959)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
- Amerikaansk dûnser
- Amerikaansk telefyzje-akteur
- Amerikaansk filmakteur
- Amerikaansk sjonger
- Nederlânsk dûnser
- Nederlânsk telefyzje-akteur
- Nederlânsk filmakteur
- Nederlânsk sjonger
- Nederlânsk persoan fan Amerikaansk komôf
- Nederlânsk persoan fan Afro-Amerikaansk komôf
- Amerikaansk dûnser fan Afro-Amerikaansk komôf
- Amerikaansk akteur fan Afro-Amerikaansk komôf
- Amerikaansk muzikant fan Afro-Amerikaansk komôf
- Persoan berne yn 1932
- Persoan stoarn yn 2004