Springe nei ynhâld

Domtsjerke fan Siena

Ut Wikipedy
Domtsjerke fan Siena

Duomo di Siena

Lokaasje
lân Itaalje
regio Toskane
plak Siena
koördinaten 43° 19' N 11° 19' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
aartsbisdom Siena-Colle di Val d'Elsa-Montalcino
Arsjitektuer
boujier 1196-1348
boustyl Romaanske en goatyske styl
Webside
Side domtsjerke
Kaart
Domtsjerke fan Siena (Itaalje)
Domtsjerke fan Siena

De Domtsjerke fan Siena (Italjaansk: Duomo di Siena of Cattedrale di Santa Maria Assunta; Marije-Himelfeartkatedraal) is de goatyske katedraal fan Siena yn Toskane, Itaalje. De bou fan 'e katedraal ferfong in âlder gebou en sette tsjin 'e ein fan 'e 12e iuw útein. De ryk dekorearre gevel waard yn 'e 14e iuw foltôge. De tsjerke, ien fan 'e moaiste foarbylden fan Italjaanske goatyske arsjitektuer, is de sit fan it roomsk-katolike aartbisdom fan Siena-Colle di Val d'Elsa-Montalcino.

Fan 'e oarspronklikje earste bou is neat bekend. Der wie in 9e-iuwske tsjerke mei in biskoplik paleis op 'e hjoeddeiske lokaasje. Yn desimber 1058 wie yn dy tsjerke in synoade, dêr't paus Nikolaas II keazen en tsjinpaus Benediktus X ôfset waard.

It skip fan de nije nea foltôge katedraal.

Yn 1196 krige it mitselgild, de Opera di Santa Maria, de opdracht om in nije katedraal te bouwen. It wurk begûn mei de bou fan it hjoeddeiske noardlike en súdlike transept. Mei it naderjen fan 'e foltôging fan 'e tsjerke waard fêststeld dat de tsjerke eins te lyts wie foar de groeiende stêd. Besletten waard om fan 'e foltôge tsjerke de transepten te meitsjen en in hiele nije tsjerke ta te foegjen, dy't mear as twaris sa grut wurde moast. Yn 1339 waard dêr fuort mei útein set, mar der ûnstiene by de útfiering technyske swierrichheden. Doe't der ek noch in útbraak fan 'e pest folge yn 1348 mei tûzenen deaden yn Siena, waard it wurk oan it ambisjeuze plan dellein. Oan it wurk kaam yn 1355 definityf in ein doe't guon dielen, dy't te nuodlik wiene om stean te bliuwen, wer ôfbrutsen waarden en it âlde plan wer oppakt waard. Fan 'e net realisearre tsjerke stiet ek tsjintwurdich noch de gevel en de muorre fan it sydskip. De sydbeuk waard letter oerdekt, om dêr it Museo dell'Opera dell Duomo yn ûnder te bringen.

De gevel is beklaaid mei wyt moarmer, kombinearre mei read en grien moarmer. De trije portalen, bekroand mei lunettes, binne it ûntwerp fan Giovanni Pisano. Boud yn de toskaansk-romaanske styl leit op dat boudiel de klam op 'e horizionale ienheid fan it gebiet om de portalen hinne, ta skea fan 'e fertikale fakferdielings. De orizjinele bylden steane tsjintwurdich yn it Museo dell'Opera dell Duomo en binne ferfongen troch replika's. Der bestiet striid oer de fraach wannear't it wurk oan 'e westlike gevel op 'e nij begûn, mar oannommen wurd dat de foltôging earne tusken 1360 en 1370 plakfûn hat. Under lieding fan Giovanni di Cecco waard fierder wurke. Dêrby waard it plan fan Pisano wer brûkt mei guon oanpassings, dy't mooglik beynfloede binne troch de katedraal fan Orvieto. Om't it skip op 'e nij heger útfoel moast ek de gevel wer heger wurde as foarsjoen.

It boppediel fan 'e gevel is suver goatysk en wykt dus ôf fan it ûnderste diel. De mozaïeken yn 'e trije topgevels binne yn 'e 19e iuw oanbrocht.

By opgravings yn 1999-2003 waard ûnder it koer fan 'e domtsjerke in narteks mei 13e iuwske fresko's bleatlein. De fresko's (mooglik út 1280) toane foarstellings út it Alde Testamint en it libben fan Kristus. De narteks foarme de tagong fan 'e foargongertsjerke, mar waard by de bou fan it baptistearium mei pún folle. De narteks is tsjintwurdich iepen foar it publyk.

Yn 'e 77 meter hege klokketoer. dy't fan foar 1250 datearret, hingje seis klokken. De âldste waard yn 1149 getten.

Detail pausenfries.

Yn 'e tsjerke falt it effekt fan 'e swart en wite moarmeren bannen op de muorren en pylders op. Swart en wyt binne de kleuren fan it stedswapen fan Siena. De kapitelen fan 'e pylders yn it west binne fersierd mei allegoryske boarstbylden en bisten. By de hiele omtrek fan it middenskip lâns rint in horizontale list mei 172 boarstbylden fan pausen fanôf Petrus oant Lucius III. Dêrûnder tusken de bôgen binne de boarstbylden fan 36 hearskers. It ferwulft hat ynstee fan fresko's in blaue himel mei gouden stjerren, wylst de ribben en tiercerons fersierd binne mei ryk útwurke motiven.

It brânskildere rûne raam yn it koer waard yn 1288 makke neffens it ûntwerp fan Duccio di Buoninsegna. It is ien fan 'e âldst noch besteande foarbylden fan Italjaansk brânskildere glês. It roasfinster yn 'e gevel stamt fan 1549 en stelt it Lêste Nachtmiel foar. It is it wurk fan Pastorino de' Pastorini.

Koepel.

De seishoekige, net hielendal symmetryske koepel wurdt bekroand mei Bernini's fergulde lantearne. De trompe l'oeil-kassettes binne yn 't lêst fan 'e 15e iuw blau farve mei gouden stjerren. De kolonnade yn 'e koepel is fersierd mei fresko's fan 42 patriarchen en profeten, skildere yn 1481 troch Guidoccio Cozzarelli en Benvenuto di Giovanni. De acht bylden op 'e hoeken ûnder de koepel binne yn 1490 makke troch Ventura di Giuliano en Bastiano di Francesco en wiene oarspronklike polychroom, mar yn 1704 binne se fergulde.

Heechalter.

It moarmeren heechalter datearret fan 1532 en is it wurk fan Baldassarre Peruzzi. It ûnbidich brûnzen siboarium is it wurk fan Vecchietta (1467–1472, oarspronklik yn opdracht foar de tsjerke fan it hospitaal fan Santa Maria della Scala makke, oan 'e oare kant fan it plein, en nei yn 1506 nei de katedraal brocht. Twa fan 'e kandlers dragende ingels binne masterwurken fan Francesco di Giorgio Martini (1439–1502), de oare twa fan Giovanni Martinni (1489).

Oan 'e pylders fan it preesterkoer binne acht kandlers yn 'e foarm fan ingels oanbrocht. Se binne fan Domenico Beccafumi (1548–1550), dy't ek de fresko's oan 'e muorren fan 'e apsis skildere. Yn 1912 binne se foar in part rekonstruearre. Efter it haadalter is in tige grut skilderij fan 'e opname fan Marije yn 'e himel fan Bartolomeo Cesi út 1594. Yn it preesterkoer steane moaie koerbanken, makke tusken 1363 en 1397 en yn 'e 16e iuw útwreide. Der wiene eartiids 90 plakken en de banken stiene oarspronklik yn in dûbele rige opsteld.

Preekstoel.

De preekstoel fan carrara-moarmer is tusken it ein fan 1265 en novimber 1268 troch Nicola Pisano tegearre mei oare keunsters makke. Pisano makke him de noardlike goatyske styl eigen en dêr is de preekstoel in foarbyld fan. It is it âldste noch besteande keunstwurk fan 'e katedraal en ien fan 'e fjouwer kânsels fan 'e keunster (de oaren binne te finen yn 'e dom en it baptistearium fan Pisa en yn 'e Pieve di Sant'Andrea yn Pistoia). De achthoekige preekstoel wurdt droegen troch njoggen graniten pylders. Fjouwer dêrfan rêste op liuwen. Yn 1543 waard de trep tafoege doe't de preekstoel fan it koer nei de hjoeddeiske lokaasje ferhûze. De stoel is fersierd mei sân reliëfs oer it libben fan Kristus en it Lêste Oardiel mei dêrtusken de bylden fan profeten en ingels.

Flier.

De moarmeren flier is ien fan 'e meast bysûndere yn syn soarte yn Itaalje en beslacht de hiele flier fan 'e katedraal. It lizzen fan 'e flier naam in soad tiid yn beslach en gyng fan 1369 oant 1547 troch. Likernôch fjirtich keunstners leveren in bydrage oan it lizzen. De flier bestiet út 56 fjilden fan ferskillende maten. De measte binne rjochthoekich fan foarm, mar de lettere stikken yn it transept binne seishoekich of rútfoarmich. De measte foarstellings binne noch yn 'e oarspronklike steat.

In soad keunstwurken fan 'e dom, lykas Maestà fan Duccio di Buoninsegna en it brânskildere raam fan Cimabue, binne ferwidere út de katedraal en ferhûzen nei it oanbuorjende Museo dell'Opera del Duomo. Oare weardefolle stikken lykas "De Ferkundiging tusken Sint-Ansanus en Sint-Margareta", in goatysk masterwurk fan Simone Martini en Lippo Memmi dat oant 1799 ûnderdiel útmakke fan in sydalter, waarden oerbrocht nei it Uffizi fan Florâns.

It neamen wurdich binne fierders:

Madonna del Voto.
  • It grêfmonumint foar kardinaal Riccardo Petroni (* Siena 1250 - Genua † 1314), in adviseur fan paus Bonifatius VIII, waard yn 'e jierren 1317 en 1318 makke troch in lokale keunstner.
  • It brûnzen grêf fan biskop Giovanni di Bartolomeo Pecci († 1426), biskop fan Grosseto, waard makke troch Donatello yn 1427.
  • De noch jonge byldhouwer Michelangelo makke de fjouwer bylden fan Petrus, Paulus, Sint-Gregoarius en Sint-Pius yn 'e legere nissen fan it Piccolomini-alter, loft fan 'e tagong nei de bibleteek. It alterstik waard yn 1483 makke troch de Lombardijske byldhouwer Andrea Bregno in 1483. It alter wurdt boppe ôfsletten mei in byld fan in Madonna.
Donatello's Jehannes de Doper, 1482.
  • De Kapel fan Sint-Jan de Doper (Capella di San Giovanni Battista) stiet yn it lofter transept. Tusken de rike renêssânse fersierings stiet Donatello's brûnzen byld fan Jehannes de Doper. Yn 'e midden fan 'e kapel stiet in 15e-iuwsk doopfont. It meast yndrukwekkend binne de acht fresko's fan Pinturicchio, oanbrocht yn 1504-1505. Twa fan 'e fresko's binne yn 'e 17e iuw op 'e nij skildere, wylst in tredde yn 1868 hielendal waard ferfongen.
  • De lytse Cappella della Madonna del Voto stiet oan 'e oare kant yn it rjochter transept en waard yn 1659 as lêste pronkske ynrjochting tafoege oan 'e dom. Paus Aleksander VII liet de kapel mei in fergulde koepel fan 'e Dútske arsjitekt Johann Paul Schor (yn Itaalje bekend ûnder de namme Giovanni Paolo Tedesco, "Giovanni Paolo de Dútser") neffens it barokke ûntwerp fan Gian Lorenzo Bernini bouwe, dy't in 15e-iuwske kapel ferfong. Yn 'e kapel is de 13e-iuwske Madonna del Voto ûnderbrocht. Ek hjoeddedei wurdt de Madonna del Voto heech fereare. Yn 'e jûn foar de Slach by Montaperti (4 septimber 1260) tsjin Florâns, droech de stêd Siena harsels op oan 'e Madonna. Tsjin alle ferwachtings yn om't Florâns folle sterker wie, wûn Siena de slach en dy oerwinning waard taskreaun oan 'e mirakuleuze tuskenkomst fan 'e Madonna. Twa fan 'e fjouwer moarmeren bylden yn 'e nissen binne fan Bernini: Sint-Hieronymus en Marije Magdalena. De acht moarmeren pylders komme oarspronklik út it Lataraansk Paleis yn Rome.

It oargel fan 'e katedraal waard yn 1966 troch de oargelboufirma Tamburini boud. Dêrby waard in grut part fan it materjaal fan 'e foargonger op 'e nij brûkt. It hjoeddeiske ynstrumint hat 72 registers op fjouwer manualen en pedaal. De traktueren binne elektrysk. It oargel is oer meardere fronten yn 'e katedraal ferdield.

Libreria Piccolomini

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Fresko's.

Tsjin 'e ein fan 'e 15e iuw liet kardinaal Francesco Todeschini Piccolomini (de letter paus Pius III) yn 'e hoeke fan it lofter sydskip en it lofter transept foar de boeken- en manuskriptenkolleksje fan syn omke paus Pius II in bibleteek bouwe. It is tsjin in fergoeding mooglik om de bibleteek te besichtigjen. De rjochthoekige romte waard mei fresko's fan Pinturicchio (echte namme: Bernardino di Betto) en syn meiwurkers fersierd, mooglik op basis fan ûntwerpen fan Rafael. It plafond hat mytologyske foarstellings as ûnderwerp, wylst by de muorren lâns tsien sênes te sjen binne oer it libben fan Pius II. De sênes wurde ferklearre mei in Latynske tekst. Pinturicchio skildere de syklus tusken 1502 en 1507 en op ferskillende fresko's is de master sels werom te kennen.

Yn 'e bibleteek wurde psalmboeken fan 'e katedraal útstald. De ylluminaasjes binne tusken 1466 en 1478 útfierd troch Liberale da Verona en Girolamo da Cremona en letter ek troch oare keunsters.

Baptistearium.

It baptistearium Sint-Jan de Doper is oer treppen fan bûten tagonklik en leit ûnder it útein fan 'e katedraal. Efter de moarmeren gevel leit net allinne it baptistearium, mar dêrboppe ek foar in grut part de apsis fan 'e katedraal. De bou fan it baptistearium fûn tusken 1316 en 1325 plak; de hjoeddeiske gevel stamt út 1382. Yn 'e midden stiet in ferneamd doopfont út 1429, in wurk fan de iere Italjaanske renêssânse. It ferwulft fan de trijeskippige romte is folslein mei fresko's oerdutsen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Siena Cathedral