Springe nei ynhâld

Domtsjerke fan Klagenfurt

Ut Wikipedy
Dom- en parochytsjerke Petrus en Paulus

Dom- und Stadtpfarrkirche Hll. Petrus und Paulus

bouwurk
lokaasje
lân Eastenryk
dielsteat Karinsje
plak Klagenfurt am Wörthersee
adres Domplatz
bysûnderheden
type bouwurk Barok
boujier 1580-1591
monumintale status Monumint
monumintnûmer 62074 [1]
offisjele webside
Domtsjerke Klagenfurt

De Dom- en parochytsjerke Petrus en Paulus (Dútsk: Dom- und Stadtpfarrkirche Hll. Petrus und Paulus) is de katedraal fan it bisdom Gurk-Klagenfurt en de roomske stedsparochytsjerke yn Klagenfurt am Wörthersee, Eastenryk. De tsjerke hiet oarspronklik Trijefâldichheidstsjerke en waard eartiids as protestantske tsjerke boud yn in tiid dat Klagenfurt in protestantske stêd wie. De tsjerke is de grutste ea yn Eastenryk boude protestantske tsjerke. Yn 1600 waard de tsjerke yn it ramt fan de kontrareformaasje sletten en oan de jezuïeten oerdroegen, dy't de tsjerke ferbouden mei yn de rin fan de tiid in pronkerige barokke ynrjochting en wijden oan de apostels Petrus en Paulus. Mei de tsjerklike reorganisaasje ûnder keizer Joazef II waarden de biskopssit ferhûze fan Gurk nei Klagenfurt en de Petrus- en Paulustsjerke de domtsjerke fan it bisdom. Nei de bombardeminten op de stêd waarden de gebouwen om de dom hinne yn de jierren 1960 ôfbrutsen en ferfongen troch nijbou.

Reformaasje en bou fan de tsjerke

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De spitaalstsjerke yn 1605

Oant de reformaasje hie Klagenfurt mar twa tsjerken: de Sint-Egidiustsjerke en krekt bûten de stedsmuorren de Spitaaltsjerke fan de Hillige Geast. Kleasters hie de stêd net. Yn 1563 tsjinne de reformaasje him oan yn Klagenfurt en liede pastoar Martin Knorr yn de Sint-Egidiustsjerke de earste lutherske tsjinst. Trije jier letter ûnderskreau er mei oare Karintyske pastoars in "Belidenis fan de Karintyske predikanten" en dêrmei waard de nije lear de offisjele godstsjinst fan Klagenfurt. Ek de oanwaaks fan ynwenners út Württemberg en Saksen healwei de 16e iuw droech by oan it feit dat al sûnt de jierren 1670 de befolking fan de stêd yn mearderheid protestantsk wie.

Om't it âlde spitaal bûten de muorren brekfallich waard, de Hillige Geasttsjerke te lyts wie en dy tsjerke boppedat nei in brân yn 1535 skansearre rekke, woe it stedsbestjoer in nij spitaal mei in nije tsjerke bouwe. Op 10 desimber 1580 fûn de tawizing fan de bougrûn súdeastlik fan de âlde stedskearn plak. De boumaster fan de tsjerke is ûnbekend, mar op basis fan de stylistyske oerienkomsten mei it Klagenfurter Landhaus wurdt tocht oan immen út de rûnte fan de boumaster Johann Anton Verda.

De Trijefâldichheidstsjerke waard as in ienfâldige, grutte sealtsjerke boud mei dûbele rigen galerijen. Ek yn de hjoeddeiske tsjerke is de âlde struktuer goed te werkennen. Oer de ynrjochting fan de tsjerke as protestantsk gebou is net in soad bekend. Neffens in beskriuwing fan Urban Paumgartner út 1605 oer de werynrjochting fan de stêd waard de preekstoel droegen troch libbensgrutte bylden, hie it alter in skilderij fan it Lêste Nachtmiel en besiet de tsjerke in oargel op de westlike galerij. Oars as by oare protestantske gebouwen die bliken by lettere renovaasjes dat de lutherske tsjerke hast hielendal mei florale motiven beskilderd wie. Bûten oan de westlike kant fan de tsjerke slute it trije fleugels tellende spitaal oan, dat likernôch it oerflak fan it tsjintwurdige domplein ynnaam. Yn it easten fan de tsjerke waard in tsjerkhôf oanlein.

Kontrareformaasje en oerdracht oan de jezuïeten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ynterieur

Al yn 1580 liede de Roomsk-Katolike Tsjerke de kontrareformaasje yn, wat yn Karinsje ynearsten noch gjin direkte gefolgen hie. Dat waard oars doe't aartshartoch Ferdinand op 1 juny 1600 it dekreet ûndertekene om alle protestantske tsjerken en skoallen yn Karinsje te sluten en de predikanten en skoalmasters út te wizen. It helle ynearsten noch net sa'n soad út en dêrom stjoerde Ferdinand in kommisje troch it lân om de bekearing nei it katolisisme mei faasje troch te setten. Lang om let krige de biskop de kaaien fan de tsjerke, dy't in pear jier letter de tsjerke oerdroech oan de jezuïeten. Om plak te meitsjen foar de oarder sels en in kolleezje waard it spitaal mei in ferdjipping ferhege, wylst it spitaal sels ferhûze nei in oar gebou. De feroarings oan de tsjerke bleaune ynearsten beheind ta it feroarjen fan de nissen yn kapellen, dêr't alters yn opsteld waarden. Dat hie te krijen mei brek oan jild mar fral ek om't de jezuïten te meitsjen hiene mei in fijannige stêd, dy't hja net tsjin harren yn't harnas jeie woe mei opsichtige bouaktiviteiten. Yn 1661 waard mei in skinking de oanbou fan de Fransiskus Ksaveariuskapel, de hjoeddeiske Marijekapel bekostige. De muorre efter it oarspronklike protestantske alter waard ôfbrutsen om in grut preesterkoer en in krypte kreëarjen. De ferbouwing fan it oarspronklik mearsidige preesterkoer yn it easten waard yn 1665 mei in healrûne apsis foltôge. Sûnt 1668 waard it ynterieur mei stúkwurk fersierd en dêrmei ferdwûnen de protestantske fresko's. It wurk bleau foar in diel oant de dei fan hjoed bewarre (oan de westlike galerij en de eardere tagong fan de noardlike kant).

Petrus en Paulustsjerke (1730)

Tusken 1715 en 1720 krige de tsjerke nije alters, dy't lykwols by de brân fan 1723 ferlern gyngen. It fjoer dat fan in oarbuorjend hûs op de tsjerke oerslein wie, ferneatige njonken in grut diel fan de tsjerke ek it dak. Njonken it ferhelpen fan de skea foltôgen de jezuïeten dêrnei de fersiering fan de tsjerke. De sydkapellen krigen nije alters, it gewelf, it koer, it skip en de sydkapellen en galerijen krigen sûnt 1725 stúkwurk en lang om let krige de toer yn 1729 in nije bekroaning mei dûbele sipels. It nije heechalter waard mei de foltôging fan it skilderij fan it ôfskie fan de twa patroanen Petrus en Paulus yn 1752 oplevere.

Nei't paus Klemens XIV ûnder druk fan Frankryk, Spanje en Portugal yn 1773 de jezuïeten ferbea, waard de oarder Klagenfurt útset. De kleastergebouwen krigen der in noch ferdjipping by en as kazerne yn gebrûk nommen. De tsjerke, oant dy tiid in filiaaltsjerke fan de Sint-Egidiustsjerke, krige yn 1784 de status fan in parochytsjerke. Yn 1787 ferhûze de biskop fan it bisdom Gurk nei Klagenfurt en dêrmei waard de tsjerke de nije katedraal fan it bisdom.

De Frânsen besetten de stêd yn 1797, 1805 en 1809. Yn 1809 ûntwijden de Napoleontyske troepen de katedraal om it gebou as pakhûs te brûken. It herstel fan de katedraal soe noch oant 1823-1824 duorje. In oare renovaasje fûn yn de jierren 1927-1929 plak.

Yn de Twadde Wrâldkriich waard de domtsjerke ferskillende kearen troch bommen troffen. Dêrby waard ek de "jezuïtekazerne" slim skeind en lang om let folge yn de jierren 1960 ôfbraak. Tusken 1974 en 1977 folge de reparaasje fan de kriichskea. De westelike gevel waard neffens in ûntwerp fan Ewald Kaplaner op 'e nij ûntwurpen. By de lêste renovaasje fan 1990-1991 binne de oarspronklike kleuren fan it ynterieur fan de 17e iuw werombrocht en in nij folksalter wijd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side