Springe nei ynhâld

Dole Gudbrandsdal (hynder)

Ut Wikipedy
Dole-hynder dat gersket.

De Dole Gudbrandsdal, ek wol allinnich Dole is in lûkhynderras út Noarwegen. De tafoeging Gudbrandsdal is ta ûnderskie fan in ûnderras fan dravers dat út it ras fuortkaam is, de Dole-draver.

De Dole is nei alle gedachten ûntstean yn it Noarske Gudbrandsdal. Der wurdt oannaam dat it ras itselde komôf hat as de Dales- en Fell-ponnys yn Ingelân, dêr't it ek in protte fan wei hat, mar der liket ek bloed fan it Frysk Hynder yn te sitten, wat mooglik komt út de tiid fan de Fryske seefarders, fan 400 oant 800.

Yn it Noard-Sweedsk Hynder sit dan wer yn protte Dole-bloed.

In Dole-hynder is likernôch 146 sm heech, mei in wicht fan sa'n 585 kilo, en is ornaris brún as swart, mar ljochter-kleurde hynders binne der ek. It is spiersterk en koart fan foarm. It meie dan lytse hynders wêze, hja kinne al goed lûke, wat ek in raseigenskip is dêr't op keurd wurdt. It ras wurdt foaral brûkt foar swier wurk op de buorkerij en yn 'e bosk.