Doedtsmoershûs
It Doedtmoershûs wie in stins dy't njonken de parochytsjerke oan de Foarstreek yn de stêd Ljouwert stien hat. Nammen fan bewenners binne net bekend. Fan de state is neat werom te finen.
It boujier is ûnbekend. De 19e iuwske histoarikus Wopke Eekhoff skriuwt dat de eardere parochytsjerke (de St. Katarinatsjerke) en it tsjerkhôf fan Hoek oan de noardside fan it Amelânhûs lizze “en wel terzijde van nog een kasteel der Cammingha’s, dat, naar eene vroegere bewoonster, den naam van Doedtmoershuis draagt”.
Dat “kastiel” sil benoarden de tsjerke stien hawwe, by it punt dêr't de Dokkumer Ie de ‘stêd’ yn rûn, lykas ek by de oare (wetter)yngongen fan de stêd stinsen stiene. It Burmaniahûs by it Schavernek en de Frouwepoarte, Camminghahûs by de âlde grêft, Juwsmahûs oan de Weaze, Montzimahûs oan sawol de Weaze as de Wurdumerdyk, Uniahûs oan de Weaze en de Oksekop mei oan de oare side fan dy strjitte Andringahûs, it Amelânshûs en Martenahûs 1 oan it Flyt, ensfh.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|