Dobbelje

Ut Wikipedy
Twa dobbeljende manlju (út: Libro de los juegos út 1283.
Pokerdobbelstiennen mei beker.

Dobbelje is it spyljen mei dobbelstiennen. It spul sels wurdt ek wol dobbelspul neamd.

It wurd komt út it âld-Frânske doble = "dûbel".

Dobbelje wurdt as in ienfâldich kânsspul beskôge. Earne om dobbelje is dan ek de ienfâldichste manier om in ûnoplosber lykjend skeel op te lossen.

Neffens de oerlevering wienen de âlde Germanen tige betûft yn it dobbeljen. Dizze ferlieding om de eigen ferantwurdlikheden fuort te wuiven en jins lot yn hannen fan de dobbelstien te lizzen, is bygelyks it ûnderwerp fan it album De nerveuze Nervjers fan Suske en Wiske. Mar ek de Romeinen wienen net ûngefoelich foar de ferlokkings fan de dobbelstien. Neffens de Romeinen wienen tafal en gelok it domein fan de goadinne Fortuna. Neidat se Jezus Kristus krusige hienen, dobbelden Romeinske soldaten om syn klean.[1] It wie in serieuze beuzichheid wêrby't in soad op it spul stean koe. Faaks wie it ek wichtiger as wachtrinnen.[2]

It wurd dobbelje wurdt ek oerdrachtlik brûkt foar it dwaan fan jildlike transaksjes wêrby't sprake is fan in kâns op winst en in risiko fan ferlies, it spekulearjen.

Inkele dobbelspullen binne:

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Statenfertaling.net: Mattheüs 27:35, Marcus 15:24, Lukas 23:34, Johannes 19:24
  2. Latijnengrieks.com: De ûnderwizer fan Falerii