Springe nei ynhâld

Doarpstsjerke (Súdlaren)

Ut Wikipedy
Doarpstsjerke
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Drinte
plak Súdlaren
adres Tsjerkebrink
koördinaten 53°5' N 6°41' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
wijd oan Marije
Arsjitektuer
boujier 13e iuw
boustyl romanogotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 41092 (tsjerke) [1]
Webside
Protestantske gemeente Anlo-Súdlaren
Kaart
Doarpstsjerke (Drinte)
Doarpstsjerke

De Doarpstsjerke fan Súdlaren oan 'e Tsjerkebrink is in tsjerkegebou fan 'e PKN-gemeente Anlo-Súdlaren. Tsjerke en toer binne sûnt 1965 ynskreaun as ryksmonumint.

De tsjerke waard yn 'e rin fan 'e 13e iuw boud. De toer waard om 1300 hinne tafoege, dy't yn 'e 15e iuw ferhege waard. Yn e 15e iuw waard de tsjerke langer makke. It romaanske koer waard ôfbrutsen en der ûnstie in nij trijesidich sletten goatyske koer.

Oargel.

De tsjerke hat in houten tonferwulft yn it skip en stiennen krúsferwulft yn it koer. It jiertal 1648 op 'e slútstien fan it straalferwulft yn it koer ferwiist nei in restauraasje, nei't de tsjerke yn 'e Tachtichjierrige Kriich skeind waard.

De preekstoel waard yn 1675 troch Dirck Jans Bijmolt boud en is fersierd mei ryk fykwurk. Fierder binne der trije hearebanken fan 'e famylje Van Selbach (ein 17e iuw), de bank fan 'e famylje De Drews (begjin 18e iuw) en de bank fan 'e famylje Van Heiden (twadde helte 18e iuw).

Yn 'e tsjerke binne in pear 17e- en 18e-iuwske grêven. De âldste sark is dy foar dûmny Arnoldus Böttichius († 1667). It houten wapen is fan 'e drost Alexander Carel van Heiden († 1776).

It oargel waard oarspronklik yn 1787 boud troch Abraham Meere foar de herfoarme tsjerke fan it Gelderlânske Beusichem. A.A. Kuerten fergrutte it ynstrumint dêr yn 1845 mei in manuaal. Petrus van Oeckelen ferhûze it oargel yn 1859 nei Súdlaren. It ferfong yn Súdlaren doe in oargel fan Rudolph Garrels út 1716. De fûgel op de oargelkas is in tafoeging fan Van Oeckelen en nei alle gedachten feroare Van Oeckelen by de ferhûzing ek de disposysje. Yn 'e 20e iuw waarden noch ferskillende feroarings oan it oargel útfierd en ferlearen in tal pipen it oarspronklike plak, dy't by de pipen fan oare registers foege waarden. Dat skansearre it oargel sa bot, dat de oargelkommisje yn 1957 advisearre it oargel hielendal te ferfangen. Safier kaam it net en yn 1984 restaurearre S.F. Blank út Herwijnen it ynstrumint werom yn 'e steat fan 1845.

Njonken it haadoargel besit de tsjerke noch in koeroargel, dat yn de jierren 1970 oankocht waard fan de grifformearde Vennetsjerke yn Wynskoat. Dêr boude Blank út Herwijnen in nij haadoargel en foar sa lang bleau dat koeroargel dêr stean. Nei de foltôging fan it haadoargel waard it ferkocht oan Súdlaren, om't doe it haadoargel al net mear te bespyljen wie.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: