Doarpsmûne Reduzum
De Doarpsmûne fan Reduzum is in wynturbine dy't stroom leveret foar de doarpen Reduzum, Friens en Idaerd. De mûne wurdt eksploitearre troch de stichting Doarpsmûne Reduzum mei as doelstelling it ferbetterjen fan it miljeu, it befoardering fan besparring en it brûken fan duorsume enerzjy.
De MICON M700 wynmûne hat in fermogen fan 225 kW. Boppedat hat de stichting 3 PV-ynstallaasjes, 1 fan 4,4 kWp op it dak fan de Trije Doarpen skoalle, 1 fan 5,5 kWp op de sportseal en 1 fan 3.3 kWp op de sportkantine.
De mûne wurket sûnt oktober 1995 en leveret jierliks tusken de 450.000- en de 500.000 kWh oan it net.
De PV-ynstallaasjes binne mei-elkoar 36 kante meter grut en leverje har enerzjy fia in omfoarmer oan oan it net. Sa wurdt jierliks 8000 - 10000 kWh produsearre.
Nei goed 25 jier wie de mûne oan ferfanging ta. De ferfanging fan solitêre wynturbines woe de provinsje Fryslân ynearsten net oan, mar yn septimber 2019 krige Reduzum dochs tastimming fan de gemeente Ljouwert foar in nije mûne nei't de saak foarlein wie oan de Rie fan Steat[1].
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |