Springe nei ynhâld

DierenPark Amersfoort

Ut Wikipedy
DierenPark Amersfoort
  dieretún
Yngong DierenPark Amersfoort (2010)
Yngong DierenPark Amersfoort (2010)
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Utert
gemeente Amersfoart
plak Amersfoart
adres Barchman Wuytierslaan
koördinaten 52° 9' NB, 5° 20' EL
bysûnderheden
type tradisjonele dieretún
oerflak 20 ha
tal soarten 100
wurknimmers 311.484(2020)
netwurk(en) EAZA, NVD
skiednis
iepening 22 maaie 1948
offisjele webside
Webstee DierenPark Amersfoort
kaart
DierenPark Amersfoort (Utert)
DierenPark Amersfoort
De lokaasje fan DierenPark yn de provinsje Utert.

DierenPark Amersfoort is in bistetún, lizzend oan de westside fan Amersfoart, oan de râne fan it boskgebiet Birkhoven. It park hat in oerflakte fan sa'n 20 hektare.

Op 22 maaie 1948 rjochten de hearen Tertoolen en Knoester de bistetún op dy 't yn it begjin net folle mear wie as in bosk mei wat sânpaden en in pear bisteferbliuwen. Ynearsten wie it in lyts park mei in aap, in kraachbear, in kamiel en wat bernebuorkerijbisten. Yn de jierren dêrnei kamen de earste rôfbisten en yn 1956 de oaljefanten Indra en Rani.

Yn 1960 gie de lieding fan de bistetún oer yn de hannen fan de dochter fan ien fan de oprjochters Astrid Tertoolen en har man Henk Vis. Under harren lieding kamen ek de earste sjimpansees yn it park oan. Yn 1988 ûndergie it park in grutte útwreiding: de "Ark fan Amersfoart" waard iepene en it Savannegebiet waard oanlein.

Yn 1997 waard Erik van Vliet oanlutsen as bistetúnûntwerper. Yn in tiid dat Nederlânske bistetunen harren hieltyd mear fokuten op biotopen en in folwoeksenepublyk, gie DierenPark Amersfoort him mear rjochtsje op bern en gesinnen. Sa kaam der yn 2005 in doalhôf en twa jier letter in Dinobosk. In kuierpaad fan 700 meter liedt hjir lâns santich replika's fan dinosauriërs, wêrfan't de grutste 14 meter heech is. Yn novimber 2020 ûntsnapten der twa sjimpansees, de oarsaak bliek it net goed sluten fan it ferbliuw. De twa útnaaide apen oerlibben harren aventoer net.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: